Dom fan Bamberg
De Dom fan Bamberg (Dútsk: Bamberger Dom; ek: Dom St. Peter und St. Georg) is in romaankse tsjerke en heart by de Dútske keizerkatedralen. Mei syn fjouwer tuorren oerhearsket it bouwurk it histoaryske sintrum fan 'e Beierske stêd Bamberg, dy't ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO falt. De tsjerke stiet op 'e hichte fan 'e saneamde Domberg, dêr't noch mear histoaryske bouwurken steane.
Dom fan Bamberg | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Beieren | |
plak | Bamberg | |
adres | Domplatz | |
koördinaten | 49° 53' N 10° 52' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Bamberg | |
patroanhillige | Sint-Piter Sint-Joaris | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1004-1012 | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed | |
Webside | ||
bamberger-dom.de | ||
Kaart | ||
Yn 'e dom is njonken de saneamde Bamberger Reiter (Bamberger Ruter) it grêf fan it ea hillich sprutsen keizerpear fan it Hillige Roomske Ryk en ek it iennige pauslike grêf noardlik fan de Alpen.
Njonken de trij beafeartsbasiliken Marienweiher, Vierzehnheiligen en Gößweinstein is de domtsjerke fan Bamberg de fjirde basilica minor fan it aartsbisdom Bamberg.
Bouskiednis
bewurkje seksjeDe earste dom
bewurkje seksjeDe bou fan 'e earste katedraal begûn yn 1004 yn opdracht fan keizer Hindrik II de Hillige. De tsjerke waard boud op in hichte boppe de fûneminten fan in kapel en it tsjerkhôf fan 'e eardere Babenboarch, dy't Hindrik fan syn heit Hindrik "de Rûzjesiker" erfd hie. De oriïntaasje fan 'e earste domtsjerke wie net earlik east-west en om't lettere feroarins hieltiten wer de besteande sitewaasje folgen, is ek tsjintwurdich de oriïntaasje fan 'e tsjerke noardeast nei súdwest.
Op 6 maaie 1012, op 'e jierdei fan keizer Hindrik II, waard de tsjerke yn it bywêzen fan alle biskoppen fan it Hillige Roomske Ryk ta eare fan 'e apostel Petrus, Marije en de hillige Joaris wijd. It grutte tal biskoppen dat de wijing bywenne tsjut it belang fan 'e nijbou oan, want by gjin oare wijding fan in midsiuwske katedraal yn it Ryk wiene safolle biskoppen oanwêzich.
Dy earste katedraal stie yn 'e tradysje fan 'e grutte 11e-iuwske katedralen, mar wie yn ferlikening mei de domtsjerken fan Mainz (116 meter) en Spiers (134) meter mei in lingte fan 75 meter net hiel grut. Hy bestie út in trijeskippige krústsjerke mei boppe de westlike en eastlike krypte in koer. Alle plafonds wiene flak en fan hout en oan it eastlike koer mei in healûne apsis stiene twa tuorren.
Yn 2012 die monumintesoarch ûndersyk yn 'e tsjerke en yn in romte boppe de Gertrudenkapelle tusken it dwersskip en it súdlike sydskip waarden mânske muorreresten fan 'e earste domtsjerke ûntdutsen. By it dak bleaune sierfoegen út de boutiid bewarre. Fierder binne fan 'e earste dom resten fan 'e westlike krypte bewarre bleaun, dêr't in moderne grêfkelder foar biskoppen yn is ûnderbrocht.
Yn it jier 1047 waard it lichem fan paus Klemens II (biskop fan Bamberg fan 1040 oant 1046 en paus fan 1046 oant syn dea yn 1047) byset. Mei de ôfbraak fan de Mariendom yn Hamburch gyng oan it begjin noardlik fan 'e Alpen. Alle oare pausen fûnen harren lêste rêstplak yn Frankryk of Itaalje.
Mei in brân yn 1081 gyng it ynterieur fan 'e tsjerke hielendal ferlern, mar de skea oan it bouwurk sels bleau sa beheind, dat der gjin folsleine nijbou nedich wie. De weropbou folge al gau en yn 1087 wie it al safier dat der ûnder biskop Rupert in synoade yn Bamberg holden wurde koe. De foltôging fan it ynterieur fan 'e tsjerke fûn plak ûnder biskop Otto. De tsjerke krige in nije flier, de pylders waarden mei stúkwurk dekorearre en it eastlik koer waard ferhege. De dakken krigen in tek fan koper om it brângefaar te beheinen en de krusen op 'e tuorren en toerspitsen waarden fergulde.
De twadde dom
bewurkje seksjeNei in grutte brân yn 1185 waard útein set mei nijbou op itselde plak. It begjin dêrfan sil om 1190-1200 hinne west ha. De bou fan 'e hjoeddeiske, letromaanske katedraal fûn mei koarte ûnderbrekkings plak ûnder trije biskoppen fan it grevenhûs fan Andechs: Otto V fan Andechs-Meranien (biskop fan 1177 oant 1196), Eckbert fan Andechs-Meranien (biskop fan 1203 oant 1237) en Poppo fan Andechs-Meranien (biskop fan 1237 oant 1242). De twadde gruttere domtsjerke waard op 6 maaie 1237 plechtich ynwijd.
De ôfbraak en de bou waarden sa organisearre, dat der jimmeroan plak wie foar it fieren fan de earetsjinst. Begûn waard mei de sloop fan it eastlike diel en it frijkommende materiaal waard op 'e nij brûkt by de bou. Sûnt de foltôging yn 'e 13e iuw hat der oan de arsjitektuer fan dom, yn tsjinstelling ta it ynterieur, gjin grutte feroaring mear plakfûn.
De 17e iuw brocht de barok yn 'e tsjerke. Earst waard it hiele ynterieur oerskildere, wêrtroch de midsiuwske fresko's ferlern gyngen. Ek de brânskildere ramen waarden ferfongen troch ramen mei helder glês. Nei de Tritichjierrige Kriich folge in twadde faze fan barokkisearring. It doksaal waard ôfbrutsen en hast alle 30 alters yn barokke styl feroare. Fan it barokke ynterieur bleau allinnich it fergulde krúsalter fan 'e Flaamke keunstner Justus Glesker yn it westlike koer bewarre. Dy krusigingsgroep stie oarspronklik by it keizersgrêf. Yn 1837 waard de byldegroep by de suvering fan de tsjerke fan net-romaanske stylynfloeden ferkocht, mar yn 1917 út partikulier besit werom kocht.
Yn 'e jierren 1830 woe de Beierske kening Loadewyk I de domtsjerke wer yn 'e oarspronklike romaanske styl werom bringe. Under lieding fan de renomearre arsjitekt Friedrich von Gärtner waarden stylfrjemde eleminten út de tsjerke ferwidere. De renovaasje begûn op 30 maaie 1829. De kleurryke muorren, ferwulft, kapitelen en bylden waarden wosken en skansearre dielen reparearre. Op 25 augustus 1837, de jierdei fan kening Loadewyk I, wie de feestlike wijing fan de tsjerke. De keninklike famylje sels wie net oanwêzich, want de kening hy syn ynteresse al yn 'e Bamberger domtsjerke ferlern en ferlein nei de ferbouwing fan 'e domtsjerke fan Speyer. De suvering wie kontroversjeel en de domdekaan Friedrich Brenner beskreau it nije ynterieur as "gar zu kalt, frostig, einförmig und der Pracht des katholischen Gottesdienstes zu wenig entsprechend" (oersetting: fierstente kâld, yslik, ienfoarmich en net oerienstimmend mei de preal fan de katolike liturgy).
Nije feroarings brochten it Twadde Fatikaansk Konsily. It westlike middenskip waard op 'e nij ynrjochte, sa't der romte ûntstie foar in nij folksalter.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeOfmjittings
bewurkje seksje- Maksimale lingte: 99 meter (eastlik koer: 30 meter, middenskip: 37 meter; westlik koer: 28 meter)
- Maksimale breedte: 28,50 meter
- Maksimale hichte: 25,50 meter
- Hichte eastlike tuorren: 76 meter
- Hichte westlike tuorren: 74 meter
Eastlike tuorren
bewurkje seksjeDe foargonger hie mar twa, beknobte tuorren njonken it eastlike koer. De eastlike tuorren fan no binne suver romaansk. Yn it jier 1766 waarden de tuorren ferhege oant hast deselde hichte as de westlike tuorren en krigen se nije spitsen. Tagelyk waard de dakruter op it middenskip weibrutsen. Boppe de beide portalen binne lytse romaanske rûne finsters te sjen, dêr't de oan 'e hilligen Kilianus en Nikolaas wijde toerkapellen efter lizze. Dy kapellen binne sûnt de barokke tiid net mear yn gebrûk, mar de alterstiennen mei dêryn de reliken bleaune bewarre. Hja stamme nei alle gedachten út de 13e iuw en binne de âldste noch besteande alters fan de dom. Beide kapellen hawwe in rûnbôge-iepening nei de sydskippen.
Yn 'e beide eastlike tuorren hingje meiïnoar tsien klokken. De twa saneamde keizersklokken hingje yn 'e noardeastlike toer; de oare acht klokken binne yn 'e súdeastlike toer ûnderbrocht.
Westlike tuorren
bewurkje seksjeDe westlike tuorren toane in soad oerienkomsten mei dy fan 'e goatyske Notre-Dame yn it Frânske Laon. En krekt as oan 'e tuorren fan Laon binne hjir op 'e hoeken fan 'e tuorren nei bûten sjende Domkühe, al binne it hjir gjin kij mar ezels. It is in erkenning fan de bydrage dy ezels leveren oan 'e bou fan 'e katedraal mei it transport fan boumaterjaal. Hja lutsen de stienen mei katrollen nei boppe, rûnen yn it dakstuolte yn rêden en sleepten de tonnen mei mortel omheech. De orizjinele bylden steane tsjintwurdich yn it Diözesanmuseum opsteld.
Portalen
bewurkje seksjeDe Adamspforte yn 'e súdeastlike toer wie ea de haadyngong fan 'e dom en wie tegearre mei de saneamde Gittertür oan 'e oare ein fan dom de deistige tagong. It is ek it âldste portaal en waard pas nei de foltôging fan 'e oanbuorjende Gnadenpforte fersierd.
Yn 1937 binne de orizjinele bylden ferhûze nei it Diözesanmuseum.
Oan 'e linker kant steane:
- Stefanus, de earste kristlike martelder;
- Keizerinne Kunigunde, mei de tsjerke yn har hân;
- Hindrik, de grûnlizzer fan it bisdom.
Oan 'e rjochter kant steane:
- Petrus, patroanhillige fan de domtsjerke. Yn stee fan twa kaaien hâld Petrus hjir in krús yn 'e hannen.
- Eva
- Adam, nei wa't it portaal ferneamd is.
De Gnaden- of Marienpforte yn 'e noardeastike toer mei de ryk fersierde kapitelen yn 'e profilearing waard allinnich brûkt op bysûndere feestdagen foar prosesjes of by oare spesjale gelegenheden, lykas de yntree fan in nij keazen biskop yn 'e domtsjerke. It bôgefjild fan it portaal toant oan wjerskanten fan in troanende Marije mei it bern Jezus: de ridder Joaris, de apostel Petrus (links) en it hillige keizerpear Hindrik en Kunigunde (rjochts).
Ferware sânstiennen bylden fan liuwen steane foar de Adams- en Gnadenpforte. Tusken dy twa liuwen waard ea rjocht sprutsen.
It saneamde Fürstenportal yn 'e noardlike muorre fan it skip waard allinnich by grutte prosesjes iepene of by it binnendragen fan in ferstoarne biskop. It timpaan toant it Kristus' oardiel. Lofts fan 'e rjochtsprekkende Kristus wurde ferloste sielen útbylde en lofts oan in keatling de ferdomme sielen, dy't troch in neakene duvel meitôge wurde. Opfallende figueren tusken de ferdomden binne in persoan mei in sek mei jild, in kening en ek in biskop. Oan 'e fuotten fan Kristus knibbelje Marije en Jehannes de Doper, mei tusken har twa lytse figuerkes, dy't út it grêf opstean. Heech oan elke kant fan it portaal binne de bylden fan Ecclesia (lofts) en Synagoge (rjochts) oanbrocht. De bylden symbolisearje de ferhâlding fan it Kristendom as it Nije Bûn ta it Joadendom as it Alde Bûn. Ecclesia (Latyn foar tsjerke) draacht in kroan en oarspronklik in krús en in tsjelk, wylst Synagoge in blyndoek, de tafels fan de Wet en in brutsen stêf draacht. De orizjinele bylden binne sûnt de jierren 1930 yn 'e tsjerke te sjen.
Ek de apostels, dy't op 'e skouders fan 'e âldtestamentyske profeten steane, ferwize nei it joadedom, lykas ek de saneamde Augenausstecher ûnder it byld fan Synagoge, in duvel dy't fan boppe in joad blyn makket.
Om ferwaring te kearen wurdt it Fürstenportaal yn 'e wintermoannen mei in houten beklaaiing ôfdutsen. It kin dan net besjoen wurde.
In fjirde portaal is te finen yn 'e noardlike muorre fan it dwersskip. Dy Veitspforte is it meast ienfâldige portaal fan 'e tsjerke.
-
Adamspforte.
-
Gnadenpforte.
-
Fürstenpforte.
-
Veitsportal.
Ynterieur
bewurkje seksjeHeechkoer
bewurkje seksjeIt heechkoer is net oeral like heech. De boumaster moast doedestiids hieltiten wer de plannen feroarje. De pylders sûnder funksje tsjûgje noch altiten fan dit hinne en wer tusken wol of net in flakke souder of in ferwulft. In houten ôfsluting wie fjoergefaarlik, mar in stiennen ferwulft wie oan 'e oare kant wer folle djoerder. Lang om let hat men dochs keazen om hjir in ferwulft oan te bringen.
Oan de bûtenkant fan it eastlike koer is in lytse rûne iepening te sjen, dat net de funksje hie om ljocht troch te litten mar nei in kast fierde, wêryn't de skedel fan de hillige Kunigunde bewarre waard. Der waard tocht dat de skedel de krêft hie om te genêzen en de iepening soarge der foar dat dy krêft oer de stêd útstrield waard.
Eastlike krypte
bewurkje seksjeYn 'e krypte ûnder it eastlike koer lizze de grêven fan biskop Gunther fan Bamberg en kening Konrad III, dy't yn 1152 yn Bamberg ûnderweis nei Rome ferstoar. It is it âldste diel fan de domtsjerke. Ek stiet hjir in fontein, dy't tsjintwurdich noch foar de doop brûkt wurdt. De boarne fan it wetter wie nei alle gedachten al foar de bou fan e dom oanwêzich en waard yn 'e krypte yntegrearre. De krypte waard as trijeskippige ûndertsjerke oanlein en hat in lingte fan 27 meter. By opgravings foar it heechkoer yn 1969 waard in romte fûn, dy't ea de eastlike krypte fan de foargongertsjerke wie en dy't nei de bou fan 'e hjoeddeiske krypte mei pún fold waard.
Eastlike koer (Joriskoer)
bewurkje seksjeIt eastlike koer is yn romaanske styl boud. It kontroversjele koepelfresko yn it koar waard yn 1928 troch Karl Caspar oanbrocht. It toant Kristus as Wrâldrjochter yn in mandorla. Lofts en rjochts binne de symboalen fan de fjouwer evangelisten te sjen. It Latynske skrift EGO SVM A ET Ω PRINCIPIVM ET FINIS QVI EST ET QVI ERAT ET QVI VENTVRVS EST OMNIPOTENS ûnder it fresko betsjut: "Ik bin de alfa en de omega, it begjin en de ein, dy't is en dy't wie en dy't komme sil, de Almachtige" (Iepenbiering 1:8).
It koarstuolte yn it eastlik koer waard fernijd, mar it út de 14e iuw stammende houtsnijwurk waard dêrby op 'e nij ferarbeide.
Westlike koer (Petruskoer)
bewurkje seksjeYn it westlike koer stiet it heechalter. Ek it pausgrêf fan paus Clemens en de kathedra (biskopssit) binne dêr te finen.
It iennige pauslik grêf noardlik fan de Alpen stiet achter de kathedra en is hast net te sjen. De pauslike sarkofaach fan Italjaansk moarmer is mei reliëfs fersierd en soe samar foar in keunstwurk út de 20e iuw holden wurde kinne, lykwols stamme se út it midden fan de 13e iuw. De plaat dy't it grêf ôfdekt is 17e-iuwsk. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it grêf yn 1942 op 'e nij iepene en foar de wissichheid op in feilich plak earne oars bewarre. Yn 1947 waarden allinnich de oerbliuwsels fan 'e paus wer yn de domtsjerke byset, de paraminten en oare fynsten yn it grêf waarden restaurearre en wurde sûnt yn it Diözesanmuseum útstald.
De yn 1899 makke kathedra fan 'e Bamberger dom is in neoromaansk keunswurk.
It westlike iken koerstuolte mei 66 sitten waard om 1380 hinne boud. Der binne oanwizings dat it yn 1541 ferbaarnde koerstuolte fan 'e Fitusdom yn Praach model stien hat foar it Bamberger koerstuolte.
De goatyske bouwize fan it westlike koer ferwurdet religieuze symbolyk: de pylders steane foar de dragers fan it leauwen, de apostels en profeten, wylst Kristus de slútstien is, dy't de iene muorre mei de oare ferbynt.
Middenskip
bewurkje seksjeIt middenskip ferbynt mei in tredde fan de totale lingte it eastlike koer mei it westklike koer. Bysûnder belang krige dit diel fan 'e tsjerke doe't de grêven fan 'e hillich ferklearre stifters Hindrik en Kunigunde it mulpunt fan ferearing waarden. Dat bleau sa oant de barokke tiid, doe't it keizersgrêf in plak krige by it eastlike koer.
De ferneamde Bamberger Reiter (Ruter fan Bamberg) is in fan meardere blokken sânstien makke keunstwurk út 1230 en hat noch jimmeroan itselde plak as dêr't it ea opsteld waard. Wa't it foarsteld is ûnbekend, miskien is it in keizer of in kening. Oarspronklik wie it mei kleur beskildere: it hynder wie wyt mei brune plakken, it kleed fan de ruter read mei sulveren en gouden stjerren, de learzen brún en de kroan ferguld. De ruter sels hie in lichemskleur en syn hier wie donker. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de ruter mei in 64 sintimeter dikke muorre beskerme tsjin loftoanfallen en ôfdutsen mei in swiere laach fan wapene beton.
It keizersgrêf waard yn de jierren 1499-1513 yn de wurkplaats fan Tilman Riemenschneider makke. De moarmeren tombe fan Hindrik en Kunigunde toant op de sydkanten leginden út it libben fan it keizerlike pear.
Sydskippen
bewurkje seksjeDe beide sydskippen hawwe rûnbogeramen en jouwe troch de hege arkaden it ljocht oan it middenskip troch. Eins soargje de sydskippen allinnich foar de tagong en de trochgong nei de beide koeren en it middenskip, benammen ek troch't de Adamspforte en de Gnadenpforte fuort oanslute op de lange gongen fan 'e sydskippen.
Oan de kant fan de Gnadenpforte is op 'e grins fan it koer en it sydskip in rige bylden fan apostelen en profeten te sjen. Ek binne hjir in byld fan Marije en de ferneamde Lachende Engel (laitsjende ingel) te sjen.
Om't it súdlike sydskip tagong joech ta û.o. it dormitoarium fan it kapittelhûs en de kleastergong, wie it dêr foarhinne fakentiden in drokte fan komsa. Om dy reden hawwe der yn it sydskip nea alters stien. It súdlike sydskip wie dan ek mei izeren hekken ôfsletten mei trochgongen foar it eastlike en westlike koer.
Alters
bewurkje seksje- It Kirchgattendorfer Altar is in Marije-alter dat ea stie yn Kirchgattendorf, in doarp dat mei de reformaasje protestânsk waard. It alter waard om 1510 hinne makke. Mei't de tsjerke it alter net mear brûkte, ferdwûn it yn 'e kelder fan 'e toer. It wie brekfallich, doe't de gemeente it ferkocht oan 'e parochy fan Steinwiesen. Om't de restauraasjekosten fan it alter foar de parochy te heech wiene, ferkocht de parochy it alter troch oan it aartsbisdom Bamberg. It alter is hjoeddedei ien fan 'e keunstwurken, dy't it besjen wurdich is en stiet sûnt in ferhuzing yn 1921 foar de domruter oer. Njonken in libbensgrutte Marije steane de hilligen Katarina en Barbara fan Nikomeedje. De binnenkanten fan 'e doarren litte foarstellings út it libben fan Marije en de bernetiid fan Jezus sjen.
- It Riemenschneideraltar hat bylden út 'e iere 16e iuw. Om't keizer Hindrik II yn it fermidden fan it sintrale diel opsteld stiet, wurdt it alter ek wol Heinrichsaltar neamd. De namme Riemenschneider is te tankjen oan it taskriuwen fan it byld fan de hillige Sebastianus oan it atelier fan Tilman Riemenschneider. De bylden binne net foar de dom makke, mar waarden yn 'e 20e iuw as aparte stikken oankocht en yn 'e dom gearstald.
- Fan 'e ferneamde keunstner Veit Stoß stamt it Marije- of Krystalter. It alter is gearstald fan linehouten reliëfs, dy't yn 1523 foltôge waarden. De opdracht ta it meitsjen fan it alter kaam fan syn soan Andreas Stoß, dy't prior wie yn it Karmelitenkleaster fan Neurenberch. It kleaster waard lykwols in jier letter sletten en doe't Andreas Stoß nei Bamberg kaam, helle er it alter nei Bamberg. It kaam mei de fiering fan it 700-jierich bestean fan 'e tsjerke as brûklien yn 'e dom. It sintrale diel toant de berte fan Jezus. It bern leit op de útsprate mantel fan Marije. Ut âlde ôfbylden docht bliken dat de figueren yn it ferline noch alris fan plak feroaren, de sitewaasje fan no datearret fan in werskikking yn 'e jierren 1933-1934. Ek wie it alter oant de 19e iuw net sa donker as no. Op 'e doarren wurde reliëfs fan de Flecht nei it Egyptelân, de berte fan Marije (boppe) en de Oanbidding fan de Trije Keningen en de presintaasje fan Jezus yn de timpel útbylde.
- It Mühlhausener Altar is in Marije-alter út de protestânske tsjerke fan Mühlhausen en stamt út it jier 1500. Nei't it ferfongen waard troch in oar alter lei it lang op de souder fan 'e tsjerke, oant it lang om let feild en yn 1891 oan 'e aartsbiskop fan Bamberg ferkocht waard. De aartsbiskop joech it alter yn 1904 oan 'e domtsjerke, mar liet it earst renovearje en mei in midsiuwsk byld fan Sint-Anna oanfolle.
-
Kirchgattendorfer-alter.
-
Riemenschneider-alter.
-
Veit-Stoß-alter.
Kapellen
bewurkje seksje- De súdwestlike Nagelkapelle waard yn 'e styl fan in sistersjinzerske kleasterseal noch foar de 13e iuw boud. De romte tsjinne it kapittel as grêfromte en oant 1350 as plak fan gearkommen. Yn 'e Nagelkapelle wurdt in spiker fan it krús fan Kristus bewarre, dat yn de midsiuwen tige heech yn oansjen stie. It alve sintimeter lange stikje relyk waard al yn 1390 yn in rekken neamd en heart sûnt dy tiid ta de domskat fan Bamberg. It is ferarbeide yn in monstrâns en soe tegearre mei in pear oare reliken troch de hillige Helena yn Jerusalim fûn wêze. It merakelboek fan it domkapitel berjochtet yn it jier 1652 oer in blyn berne boeresoan, dy't nei't er de spiker oanrekke hie wer sjen koe. Om't de seal as grêfromte brûkt waard, kamen der mear en mear brûnzen sarken op 'e flier te lizzen, oant se lang om let yn 1762 oan 'e muorren opsteld waarden. Op 'e brûnzen sarken steane in ôfbyld fan 'e ferstoarne en in opskrift. Ut 'e lette midsiuwen stammet it Bartholomäus-altar. It toant de apostelen noch ienris mei elkoar, ear't hja de wrâld ynlûke. De Nagelkapelle is sûnt de restauraasje yn 'e jierren 1990 in stilteromte en it plak dêr't troch de wike de missen fierd wurde.
- De lytse Sakramentskapelle yn it súdlike sydskip krige yn 1974 as gefolch fan 'e liturgyske feroarings nei it Twadde Fatikaansk Konsily de funksje fan sakramintskapel . Sûnt wurde hjir de wijde hosty's yn it tabernakel bewarre. De roazekrânsfoarstelling boppe it tabernakel wurdt taskreaun oan Lucas Cranach de Aldere en ûntstie om 1520 hinne. It heart ta de net folle keunstwurken, dy't de 19e iuwske suvering oerlibben en hearde oarspronklik by it eardere Mauritiusalter. Yn in list fan in roazekrâns is de krusige Kristus te sjen mei rigen fan apostels, patriargen, profeten en hilligen.
Museum
bewurkje seksjeOan 'e kleastergong fan 'e dom is sûnt 1966 yn 'e romte fan it kapittelhûs it Diözesanmuseum fêstige. Yn it museum wurdt de tsjerkeskat útstald.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|