Don Iwerks
Don Iwerks (útspr.: [dɔ:n 'aiwœrks], likernôch "dôn aiwurks"; folút: Donald Iwerks; 1929) is in Amerikaansk kameraman, technikus, útfiner en ûndernimmer fan Eastfrysk etnysk komôf. Hy wurke lange tiid foar The Walt Disney Company en ûntfong yn 1998 in Oscar foar syn bydragen oan 'e Amerikaanske filmyndustry. Hy is de soan fan Disney-animator Ub Iwerks en de heit fan dokumintêremakster Leslie Iwerks.
Don Iwerks | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Donald Iwerks | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1929 | |
berteplak | ? (Kalifornje) | |
etnisiteit | Eastfrysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | kameraman, technikus, ûndernimmer | |
aktyf as | útfiner | |
jierren aktyf | 1950 – no | |
prizen | Oscar 1998 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeIwerks is hikke en tein yn 'e steat Kalifornje, dêr't er yn 1929 berne waard as de soan fan 'e legindaryske Disney-animator Ub Iwerks, dy't tegearre mei Walt Disney û.m. ferantwurdlik wie foar de kreaasje fan it wrâldferneamde tekenfilmpersonaazje Mickey Mouse. Don Iwerks folge yn syn heite fuotleasten doe't er yn 1950 by de Walt Disney Company as technikus yn it masinewurkplak oan 'e slach gie.
Yn 1954 waard Iwerks oansteld as kameratechnikus op 'e set fan 'e film 20,000 Leagues under the Sea, mei yn 'e haadrollen Kirk Douglas en Peter Lorre. De folgjende tritich jier wie hy de driuwende krêft efter de filmynnovaasjes fan 'e Walt Disney Company. Sa fûn er de earste 360º-filmtechniken út en de earste 360º-kamera, wylst er oant kop en earen behelle wie yn 'e earste Circle-Vision 360-film, America the Beautiful, út 1955. Teffens fûn Iwerks út hoe't live-aktearjen mei in animearre eftergrûn kombinearre wurde koe.
Nei hast 35 jier yn tsjinst fan Disney stien te hawwen, naam Iwerks yn 1985 ôfskie fan dy wurkjouwer om syn eigen bedriuw op te rjochtsjen, Iwerks Entertainment. Dêrmei waard er ien fan 'e liedende ûntwikkelder fan special effects en firtuële realiteitstechnology fan 'e wrâld. Yn 1998 waard Iwerks de Gordon E. Sawyer Award takend, in spesjale Oscar wêrmei't lju eare wurde dy't mei har technologyske bydragen de filmyndustry ear oandien hawwe.
In jier letter, yn 1999, wûn Iwerks Entertainment de Oscar yn de kategory foar wittenskiplike en technyske prestaasjes foar in spesifike ynnovaasje mei as namme it Iwerks 8/70 Linear Loop-projeksjesysteem. Yn 2009 waard Don Iwerks útroppen ta Disney Legend, in ûnderskieding foar Disney-wurknimmers dy't har ûnderskaat hawwe troch har "ferbyldingskrêft, talint en dreamen".
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |