Donald Cameron fan Lochiel
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
- Dizze side giet oer de jakobityske lieder Donald Cameron fan Lochiel. Foar oare betsjuttings, sjoch: Donald Cameron fan Lochiel (betsjuttingsside).
Donald Cameron fan Lochiel (Lochiel (Skotlân), ±1700 – Sint-Winoksbergen (Frankryk), 26 oktober 1748) wie in ynfloedryk Skotsk clanhaad en militêr, dy't bekendstie om syn grutmoedigens en gallantheid. It wie syn stipe, dy't Karel Edwert Stuart (Bonnie Prince Charlie) by steat stelde en begjin de Jakobityske Opstân fan 1745. Yn dy rebûlje focht Cameron û.m. yn 'e fjildslaggen by Prestonpans, Falkirk en Culloden. Nei't de Skotske opstân yn 1746 troch de Ingelsen yn bloed smoard wie, libbe Cameron oan syn dea ta yn ballingskip yn Frankryk, dêr't er tsjinst naam yn it Frânske leger.
Libben
bewurkje seksjeJonkheid en komôf
bewurkje seksjeDonald Cameron fan Lochiel waard om 1700 hinne berne yn 'e Skotske Heechlannen, nei alle gedachten yn syn lettere sit Lochiel, as de pakesizzer fan 'e ferneamde Ewen Cameron fan Lochiel, it santjinde haad fan 'e Clan Cameron, dy't yn 'e santjinde iuw namme makke as in trou oanhinger fan it Hûs Stuart en dy't û.m. yn 1689 ûnder Bonnie Dundee yn 'e Slach by Killiecrankie focht, tsjin it leger fan Willem III fan Oranje. Donald syn âlden wiene Isabel Campbell fan Lochnell en John MacEwen Cameron fan Lochiel, it achttjinde haad fan 'e Clan Cameron, dy't ûnder de Jakobityske Opstân fan 1715 ien fan 'e wichtichste meistanners wie fan John Erskine, greve fan Marr, en dy't nei de nederlaach fan 'e jakobiten yn 'e Slach by Sheriffmuir foargoed yn ballingskip gean moast yn Frankryk. As de âldste soan fan John Cameron krige Donald Cameron fan Lochiel sadwaande al mei fyftjin jier it haadmanskip fan 'e Clan Cameron yn 'e hannen.
Lochiel en de jakobityske saak
bewurkje seksjeYn Lochiel syn tiid fergie it de tradisjoneel jakobityske Clan Cameron net sa goed as guon oanbuorjende clans, dy't it nije Britske rezjym ûnder it Hûs fan Hannover oanhongen, lykas de Clan Campbell, de tradisjonele fijannen fan 'e Camerons. Dat hie der benammen mei te krijen dat de Clan Cameron fan hegerhân in ûnbidich grutte kollektive boete oplein wie foar de dielname oan 'e opstân fan 1715. Lochiel hold lykwols mear as oare clanhaden fan syn tiid fêst oan âlde tradysjes, mei as resultaat dat de ûnderlinge bannen tusken de leden fan 'e Clan Cameron in stik sterker wiene as dat bgl. by de Campbells it gefal wie, dy't mei har tiid mei gien wiene en in protte âlde gewoanten oerboard set hiene. Fan gefolgen hiene de Camerons yn ferhâlding ta de grutte fan harren clan in boppegemiddeld fermogen om troepen te mobilisearjen en op militêr mêd it inisjatyf te nimmen.
Doe't Frankryk en Grut-Brittanje yn 1740 as ûnderdiel fan 'e Eastenrykske Súksesjeoarloch wer mei-inoar yn oarloch rekken, ûntstie der in reële kâns om mei Frânske militêre help foar de jakobityske saak in oerwinning te beheljen. Lochiel bewissige syn Frânske kontakten derfan dat de Camerons en oare jakobityske clans ree wiene om yn opstân te kommen, mar pas as der in grutskalige Frânske ynfaazje yn Skotlân plakfûn. De Frânsen woene lykwols dat de jakobityske clans earst yn opstân kamen, en seine ta dat se dêrnei militêre help stjoere soene. Dy tsjinstelde opfettings laten ta in ympasse, en sadwaande bleau it stil yn Skotlân. Underwilens hie it Britske regear de hân witten te lizzen op in diel fan Lochiel syn briefkerij mei Skotske ballingen yn Frankryk, en waard der yn juny 1745 in arrestaasjebefel tsjin him útfurdige.
Lochiel en Bonnie Prince Charlie
bewurkje seksjeFoar't Lochiel oppakt wurde koe, lâne yn augustus 1745 prins Karel Edwert Stuart, better bekend as Bonnie Prince Charlie, op 'e westkust fan Skotlân. Syn oankomst wie gjin ûnderdiel fan in Frânske ynfaazje, mar in eigen inisjatyf fan 'e ympulsive telch út it ferballe Hûs Stuart. Hy hie ek mar in hantsjefol mannen by him en gjin foarrieden, munysje of jild. Hy hie skynber ferwachte dat de jakobityske clans har daliks by him jaan soene, mar datoangeande kaam er rare bedragen út, want nei de ferskate jakobityske nederlagen yn foargeande heale iuw en de konsekwinsjes dy't dat foar de dielnimmende clans opsmiten hie, fielde gjinien fan 'e wichtige haadlju derfoar om syn holle troch de strûp te stekken foar sa'n ûntarette aksje as Karel Edwert sines.
Hoewol't er troch it arrestaasjebefel tsjin him no fûgelfaai wie en persoanlik net folle te ferliezen hie, dielde Lochiel de reservaasjes dy't de oare jakobityske haadlju foar in nije opstân oer hiene. Hy wie sels tsjinnich om 'e prins te moetsjen, en stjoerde earst syn broer Archibald Cameron fan Lochiel yn syn stee. Doe't Karel Edwert lykwols op 'e nij fersocht om 'e oanwêzigens fan it eigentlike clanhaad, besleat Lochiel, nei't it skynt út hoflikens, om oan dat fersyk te foldwaan, ek al rette syn broer John it him sterk ôf. By dy moeting, dy't plakfûn te Borodale, besocht Lochiel de prins der yn 't earstoan fan te oertsjûgjen om like temûk as er kommen wie wer werom te gean nei Frankryk. Dêr hie Karel Edwert lykwols gjin boadskip oan. Neffens it ferhaal spile er op Lochiel syn gefoel foar eare (sa't dy syn broer John al freze hie), troch te sizzen dat in weromkear nei Frankryk gelyk stie oan tajaan dat er yn Skotlân gjin freonen hie. Hy soe noch leaver, sei de prins, mei in hantsjefol fertroulingen troch hiel Skotlân hinne opjage wurde. Lochiel mocht wol nei hûs ta gean; dan koed er fierders yn 'e krante wol lêze wat der mei syn prins barde. Dêrop ferklearre Lochiel dat soks út noch yn net barre soe, mei't hysels it lot fan 'e prins diele soe.
Sa kaam Lochiel derta om tsjin betterwitten yn de Clan Cameron te mobilisearjen foar de opstân dy't Karel Edwert yn 't sin hie. Doe't de prins op 19 augustus te Genfinnan formeel de opstân úteinsette troch syn banier te hisen, foarmen de Camerons it grutste clankontingint fan syn leger. It prestiizje fan 'e ynfloedrike Lochiel brocht oare clanhaden, lykas syn omkezizzer Ewen MacPherson fan Cluny, derta om har ek by de prins ta jaan. Lykwols wiene der ek genôch jakobityske clanhaden dy't har ôfsidich holden, lykas Norman MacLeod.
De Jakobityske Opstân fan 1745
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Jakobityske Opstân fan 1745.
Lochiel wie earlik oer syn gebrek oan militêre ûnderfining, en sadwaande foege er him yn 't earstoan yn alle beslissings oangeande strategy en taktyk nei generaal George Murray. Al rillegau bewiisde er lykwols dat er sels ek in feardich slachfjildkommandant wie, en wûn er it respekt fan 'e feteranen fan syn clan troch syn mannen yn 'e striid foar te gean. Mids septimber fierde er mei twa oare clanhaden, Charles Stewart fan Ardsheal en Alexander MacDonnell fan Keppoch, en prins Karel Edwert syn Ierske fertrouling John O'Sullivan it detasjemint oan dat by ferrassing de Skotske haadstêd Edinburch ynnaam.
Op 21 septimber 1745, yn 'e Slach by Prestonpans, it earste grutte treffen, foarmen de Camerons it sintrum fan 'e jakobityske troepemacht. Lochiel wie ien fan 'e rezjimintskommandanten dy't de oanfal útfierde wêrmei't de slach wûn waard. Neitiid stelde prins Charles Edwert Lochiel oan as gûverneur fan Edinburch. Yn dy hoedanichheid oardere er dat der gjin wraak nommen wurde mocht op 'e leden fan 'e Whigpartij, dy't it Britske regear stipe. Letter rekke er yn 'e Skotske haadstêd ferwûne troch kanonfjoer fan it Britske garnizoen dat noch altyd it Kastiel fan Edinburch beset hold.
Tsjin 'e ein fan 1745 hiene de jakobityske troepen hast hiel Skotlân ferovere, begjinnend mei de Heechlannen en de Hebriden en dêrwei súdoan geand nei it leechlân en de grinskontreien, krekt sa't de Midsiuwske keningen Macbeth en Robert de Bruce dat earder dien hiene. Op dat punt rette Lochiel prins Karel Edwert oan om ho te hâlden. Hy riddenearre dat de jakobityske troepen op eigen manneboet harren posysje yn Skotlân konsolidearje koene troch de fersprate Britske garnizoenen en Skotske oanhingers fan it Hûs fan Hannover te ferslaan, en dat se dêrnei mei Frânske help stânhâlde kinne soene tsjin alles wat út Ingelân nei it noarden kaam no't de measte Britske troepen op it fêstelân fan Jeropa yn 'e Eastenrykske Súksesjeoarloch fochten. Mar dêr woe de prins neat fan witte. Karel Edwert wie net tefreden mei de ferovering Skotlân allinnich; hy woe alle trije troanen weromwinne (fan Skotlân, Ingelân en Ierlân), dy't syn pake ferlern hie.
Sadwaande sette it jakobityske leger in ynfaazje fan Ingelân yn. Wat fierder oft de Skotten fan har heitelân ôf rekken, wat minder oft it har noaske en wat mear oft desertearren. Likegoed wisten de jakobiten Derby, yn súdlik Ingelân, te berikken foar't se tsjinkeard wurde koene troch guon mei tûzen hasten fan it kontinint weromhelle Ingelske troepen. In weromtocht wie doe net oan te ûntkommen, en prins Karel moast him mei syn leger weromlûke yn Skotlân, dêr't lykwols nije troepen wûn wurde koene.
Op 17 jannewaris 1746 behellen de jakobiten yn 'e Slach by Falkirk in nije oerwinning op it Britske leger. Dêrby foarmen de Camerons yn 'e mande mei de Stewarts fan Appin, de Frasers, de Chisolms, de MacGregors en ferskate lytsere clankontinginten de lofterflank fan 'e jakobityske frontliny. Hoewol't yn dizze slach de swierste gefjochten útfierd waarden troch de rjochterfleugel fan it jakobityske leger, rekke Lochiel op 'e nij licht ferwûne yn 'e striid. Neitiid reizge er nei it noarden, dêr't er mei syn mannen in hoart Fort William belegere, dêr't noch altyd in Britsk garnizoen stânhold. Yn april moast er dat belis lykwols opjaan om him by Inverness wer by de jakobityske haadmacht te foegjen, dy't doe op it punt stie in beslissende slach oan te gean mei de regearingstroepen.
Dy slach fûn op 16 april plak op 'e iepen heide by Culloden, dêr't de jakobiten it efterfolgjende regearingsleger fan 'e hartoch fan Kumberlân fan har ôf besochten te slaan. Foar de opstannelingen wie it in tige ûngeunstige lokaasje foar sa'n treffen, en der is wol spekulearre dat de beslissing om 'e striid dêr oan te gean poer ynjûn waard troch logistike omtinkens. Yn elts gefal foarmen de Camerons diskear mei de Stewarts fan Appin en it Atholl Rezjimint de rjochterflank fan it jakobityske leger, dy't ûnder befel stie fan generaal George Murray. De artillery fan it regearingsleger hie op 'e iepen heide frij spul, en troch de oanhâldende kannonade waard foarôfgeande oan 'e wiere gefjochtshannelings al mooglik in trêdepart fan it jakobityske leger útskeakele.
Lochiel stjoerde op in stuit in boadskip nei Murray ta dat er syn mannen net folle langer mear tsjinhâlde koe om yn 'e oanfal te gean, mei't se stoaren as miggen troch it bombardemint dat de artillery fan 'e fijân op har losliet. Uteinlik stimde prins Karel Edwert, dy't it befel oer it hiele jakobityske leger fierde, ta yn in oanfal, mar de man dy't dat boadskip oerbringe moast, sneuvele ear't er syn taak folbrocht hie. Op dat punt fan 'e slach, en sûnder oarders fan 'e legerlieding, setten de Mackintoshes, MacGillivray's en MacBeans fan 'e Clan Chattan-konfederaasje, yn it sintrum fan 'e jakobityske frontliny, ûnder lieding fan Alexander MacGillivray fan Dunmaglass, de oanfal yn. Oanfierd troch Lochiel folgen de Camerons harren foarbyld, en doe joegen har ien foar ien oare clans by de ûnkoördinearre en tizerige oanfal.
Lochiel kaam tichternôch by de frontliny fan it regearingsleger dat er syn pistoal ôffjurje koe. Wylst er dêrnei syn swurd loek, waarden syn ankels ferbrizele troch kartetsfjoer. Fanôf it plak dêr't er lei, koe Lochiel sjen dat syn mannen de regearingsliny berikten en dat harren oanfal in beskate mjitte fan súkses hie, oant nije besjittings mei kartetsgranaten en koördinearre musketsalvo's fan regearingstroepen de jakobityske stoarmrin yn bloed smoarden. Inkele oerlibbenen fan 'e Camerons sjouden har clanhaad fan it slachfjild.
Lettere jierren en dea
bewurkje seksjeDe Clan Cameron ferlear hast de helte fan syn mankrêft op it slachfjild fan Culloden, en Lochiel sels wie slim ferwûne. Hy waard troch syn folk foar de triomfearjende regearingstroepen beskûl holden, dy't yn 'e moannen nei de jakobityske nederlaach plonderjend en brânskattend yn Skotlân húsholden. Uteinlik wist er yn oktober mei prins Karel Edwert nei Frankryk te ûntkommen. Dêr besocht Lochiel om 'e nocht kening Loadewyk XV te bepraten en stjoer troepen om Skotlân te befrijen. Hy kearde nea werom nei syn heitelân, mar naam yn 1747 it befel oer it Frânske Rezjimint fan Albany op him (dêr't in protte Skotske ballingen yn tsjinnen). Lochiel stoar in jier letter yn Sint-Winoksbergen, yn Frânsk-Flaanderen, op 26 oktober 1748, yn 'e âlderdom fan likernôch 48 jier. Hy leit begroeven op it tsjerkhôf fan Sint-Winoksbergen, dêr't in tinkteken ta oantins oan him stiet.
Reputaasje
bewurkje seksjeDonald Cameron fan Lochiel kaam meitiid bekend te stean as 'de Sêftsinnige Lochiel' (the Gentle Lochiel), fanwegen it befel dat er nei de Slach by Prestonpans joech om 'e ferwûnings fan 'e kriichfinzen nommen soldaten fan it regearingsleger te fersoargjen. Ek syn beskerming fan 'e leden fan 'e Whigpartij, yn Edinburch, spile dêrby in rol, en letter bewissige er noch dat der gjin represailles tsjin 'e stêd Glasgow nommen waarden, doe't dat plak troch de jakobiten ynnommen waard nei't it lang op 'e hân fan it Britske regear bleaun wie. Neffens it ferhaal wiene de Glasweechske stedsbestjoerders him dêrfoar sa tankber dat se oarders joegen dat eltse kear as Lochiel de stêd besocht, alle tsjerklokken let wurde moasten. De Sêftsinnige Lochiel ûntjoech him meitiid ta ien fan 'e romantyske helden fan 'e Jakobityske Opstân fan 1745, om't er immen wie dy't sels by syn bitterste fijân in beskate mjitte fan respekt ôftwong.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |