Douwe Heeringa (Ljouwert, 21 maart 1964) is in Fryske sjonger en programmamakker by Omrop Fryslân. Hy is benammen bekend troch syn ynterpretaasjes fan Jacques Brel. De Frânske chansons waarden foar him oersetten troch Tsjêbbe Hettinga, Wilco Berga, Baukje Wytsma, Hylkje Goïnga en Jaap Duijs. De teksten binne ek yn boekfoarm útjûn.

Douwe Heeringa
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Douwe Heeringa
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 maart 1964
berteplak Ljouwert
wurkpaad
sjongtaal Frysk
jierren aktyf ? - 2009

Heeringa docht de presintaasje fan “Mei Douwe” (radio) en “Spegels” (telefyzje).

Op 12 july 2009 hat Heeringa syn sjongkarriêre einige mei in optreden yn de tsjerke fan Aldeberkeap.

Diskografy bewurkje seksje

Unfolslein:

  • Douwe Heeringa singt Brel Wytsma (miny CD)
  • Douwe Heeringa en Kompagnie
  • Brel in Fries
  • Retour Ljouwert-Berlyn

CD mei oaren:

Frysk hitfestival 1
De bêste fan Omrop Fryslân diel 2
De bêste fan Omrop Fryslân diel 3

Keppeling om utens bewurkje seksje