Douwe Wijbrands (wrakselder)
(Trochferwiisd fan Douwe Wijbrands (wrakseler))
Douwe Wijbrands (Hylpen, 9 oktober 1884 - Amsterdam, 17 novimber 1970) wie in Frysk wrakselder.
Douwe Wijbrands | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 9 oktober 1884 | |
berteplak | Hylpen | |
stjerdatum | 17 novimber 1970 | |
stjerplak | Amsterdam | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Wrakseljen | |
ûnderdiel | Gryksk-Romeinsk | |
O.S. | Londen 1908 |
Stikeme sporter
bewurkje seksjeDouwe Wijbrands soan fan in ielfisker út Hylpen hat altyd syn sportkarriêre geheim holden om't syn âlden en letter ek syn frou fan in tsjerke wiene dy't neat fan sport hawwe moast. Sels syn wurkjouwer by it gasfabryk wist neat fan syn sport ôf. Foar de Spullen fan 1908 frêge der in wike frij ôf foar in fakânsje yn Londen, wat him ek noch slagge. Wertroch Wijbrands mei die oan de Spullen yn de klasse Gryksk-Romeinsk oant 93 kg wêr't er njoggende by waard. Hy ferlear fan de Sweedske Fritz Larsson. Douwe Wijbrands ferstoar op 17 novimber 1970, yn 'e âldens fan 82 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|