Drabbelterp
Drabbelterp is sûnt 1984 de namme fan de stêd Snits by de fiering fan karnaval.
De namme Drabbelterp komt fan in Snitser lekkernij, de drabbelkoek, en de lizzing en stifting fan de stêd om de terp fan de Grutte of Martinytsjerke.
Histoarje
bewurkje seksjeYn 1973 wurdt yn Snits de earste karnaval fierd en wurdt Karnavalsferiening De Oeletoeters oprjochte. De earste jeirren wurdt it feest yn lytse foarm fierd yn de Wigledaam. Dizze karnavalsjûnen waarden geande wei drokker, wêrtroch't útwykt wurde moast nei de foyer fan it Amicitia Teater. Wyls waard it karnavalsfeest net langer op ien jûn hâlden, mar waard in feest fan fjouwer dagen, mei optocht organisearre. Sûnt 1984, it 11-jierrich bestean fan De Oeletoeters, krijt Prins Karnaval ek echt de kaai fan da stêd út hannen fan de boargemaster.[1]
Tsjintwurdich
bewurkje seksjeIt karnaval yn Snits is tsjintwurdich ien fan de grutste fieringen fan karnaval boppe de rivieren. De feriening hat hûnderten leden en in eigen permaninte residinsje. De optocht troch it sintrum fan Snits l^kt alle jierren tûzenen besikers.[2] Yn de Snitser tsjerken, wêrûnder yn de Sint Martinustsjerke, wurde karnavalsmissen hâlden.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|