Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld

(Trochferwiisd fan Drents Friese Wold)

It Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld is in nasjonaal park dat bestiet út in grut oaniensletten natuergebiet op de grins fan de Fryslân en Drinte. It mear as 6100 hektare grutte Nasjonale Park bestiet út bosk, heide en stosân.

Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld
Nationaal Park Het Drents-Friese Wold
It Doldersummerfjild fan 'e útsjochtoer ôf (2004).
It Doldersummerfjild fan 'e útsjochtoer ôf (2004).
lokaasje
lân Nederlân
provinsjes Drinte
Fryslân
gemeenten Eaststellingwerf
Midden-Drinte
Westerfjild
koördinaten 52°55′ N 6°20′ E
oare ynformaasje
status nasjonaal park
oerflak 61 km²
stifting 2000
behear Steatsboskbehear
Natoermonuminten
It Drintske Lânskip
Maatskippij fan Woldiedichheid
webside www.nationaalpark-drents-friese-wold.nl
kaart
Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld (Nederlân)
Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld
Lokaasje yn Nederlân.
Kaart fan it nasjonaal park

Belangrike plakken oan de rânen fan it park binne de doarpen Appelskea yn Súdeast-Fryslân en Doldersum, Diever, Hoogersmilde, Wapse en Vledder yn Drinte.

It Drintsk-Fryske Wâld krige yn 2000 de status fan nasjonaal park.

Op 7 augustus, yn 'e koarkdrûge simmer fan 2018, wie der in grutte natoerbrân yn it Drintske diel fan it park, wêrby't 75 ha feanlânskip yn 'e jiske lein waard. Brânwachtkorpsen út Drinte, Fryslân en Grinslân kamen mei sechstjin tankautospuiten en acht wettertankauto's yn aksje. Boeren út 'e omkriten fierden ekstra bluswetter oan yn jarretanks efter de trekker. De Keninklike Lânmacht sette in Chinook-helikopter yn. Wegen en fytspaden nei it gebiet fan 'e brân waarden troch de plysje ôfsletten, en fiif campings yn 'e omkriten waarden út foarsoarch ûntromme. Om 18.00 oere hie de brânwacht de brân ûnder kontrôle en koe it neiblussen begjinne. Yn totaal gie der 15.000 liter bluswetter trochhinne.[1][2] Brânwacht en plysje hiene twa dagen nei de brân gjin oanwizings dat der sprake west hie fan brânstifting.[3]

It karakter fan it gebiet is yn grutte mate beynfloede troch de esdoarpekultuer. Grutte dielen lykas it Doldersummerfjld, Aekingersân, Berkenheuvel en Wapserveld waarden iuwenlang troch de boeren út de omlizzende doarpen brûkt foar it beweidzjen troch skiep. Troch dy iuwenlange beweiding en it ôfplagjen fan seadden foar de potstâlkultuer, waarden mineralen ôffierd en ferskraalden grutte stikken fan de soere sângrûn. Op dy plakken ûntstienen heidefjilden en bytiden ek stosân. It Aekingersân by Appelskea hjit yn de folksmûle ek wol de 'Keale dunen'.

 
Utsjochtoer by it Doldersummerfjld, jannewaris 2005

Benammen op dy stosânen ûntstiene lytse hichten of dúntsjes. Letter, yn de 19e iuw, nei de útfining fan keunstdong, waard de stosânen en heideterreinen (of woeste grûnen) beboske. Der waarden ynlânske soarten plante as iken en dinnen, mar ek útlânske soarten as Douglasspjirre, Amerikaanske iik of Japanske lariks.

De Vledder Aa nimt in bysûnder plak yn yn dit nasjonaal park. Dy beek is de ienige yn Nederlân dy't syn bopperin folslein yn in natuerlike omjouwing lizzen hat. In de jierren 2002 en 2003 is wurke oan it fannijs oanlizzen fan de natuerlike bopperin fan de beek.

Kultuerhistoarje

bewurkje seksje

Grutte stikken fan it gebiet spilen in wichtige rol yn de esdoarpekultuer. Mar der binne al folle âldere spoaren fan bewenning. By Diever leit in hunebêd oan de râne fan it park. Net fier fan Doldersum lizze in pear grêfhichten en op ferskate plakken binne spoaren fan bewenning út it Neolitikum (Lette Stientiid) en de izertiid fûn.

Midden yn it park, fiif kilometer fan Diever, leit in ûnderdûkershoale út de Twadde Wrâldoarloch.

Floara en fauna

bewurkje seksje
 
It Aekingersân by Appelskea, jannewaris 2005

Sa'n grut oaniensletten natoergebiet biedt romte oan ferskate soarten planten en bisten. Nijsgjirrich om te neamen binne:

Fauna

Floara

Foar in oersjoch fan de fûgels dy't yn it Drintsk-Fryske Wâld briede, sjoch

Der binne fjouwer wichtige behearders fan dit Nasjonaal Park:

Yn it hiele park leit in wiidweidich stelsel fan asfaltearre fytspaden. In soad toeristen komme der dan ek om te fytsen. Steatsboskbehear hat foar mountainbikers aparte rûtes oanlein.

By Appelskea stiet it besikerssintrum Drintsk-Fryske Wâld , dêrnjonken is der in ynformaasjesintrum yn Diever.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schutte, Roy, Winkel, Renate, en Sinnema, Leonie, Natuur Drents-Friese Wold verwoest na grote brand, yn: de Ljouwerter Krante, 8 augustus 2018, s. 1.
  2. Schutte, Roy en Sinnema, Leonie, Evacuatie bij brand soepel verlopen, yn: de Ljouwerter Krante, 8 augustus 2018, s. 2.
  3. ——, Team van specialisten onderzoekt brand, yn: de Ljouwerter Krante, 9 augustus 2018, s. 1.