Duncan MacDowall (Midsiuwske stavering: Dungal MacDouall; 12?? – 13??) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen mei de Ingelsen tsjin syn heitelân focht. Neffens de oerlevering soed er trije kear troch de Skotske kening Robert I kriichsfinzen nommen en wer frijlitten wêze.

Duncan MacDowall
aadlik persoan en/of hearsker
Dungals namme sa't dy foarkomt op folio 50r fan British Library Cotton Julius A VII (de Kronyk fan Mann ): " Dungalli Mac Dowyl"
Dungals namme sa't dy foarkomt op folio 50r fan British Library Cotton Julius A VII (de Kronyk fan Mann ): " Dungalli Mac Dowyl"
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 12??
berteplak Galloway? (Skotlân)
stjerdatum 13??
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs MacDowall
etnisiteit Skotsk
kastelein fan it Kastiel fan Dumfries
amtsperioade 13?? – 1313

Libben bewurkje seksje

Oer MacDowall is net sa'n protte bekend. Hy moat yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw yn Skotlân berne wêze, wierskynlik yn Galloway, yn it súdwesten fan it lân. Hy wie in fjurrich oanhinger fan it Hûs Comyn, dat al fan âlds in skeel hie mei it Hûs Bruce oer de wjerssidige oanspraken op 'e Skotske troan. Nei't Robert fan Bruce, greve fan Carrick yn febrewaris 1306 syn foarnaamste binnenlânske rivaal foar de Skotske troan, Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch, yn 'e Greyfriars Kirk te Dumfries deamakke hie, boaze it skeel oan ta in iepen oarloch tusken de beide partijen. Dêrby sleaten de Comyns har oan by de Ingelske besetters fan Skotlân, wylst de greve fan Carrick himsels ein maart 1306 te Scone ta kening Robert I fan Skotlân kroane liet, wêrmei't er it iepentlik yn 'e kant sette tsjin kening Edwert I fan Ingelân, dy't himsels as lânhear fan Skotlân beskôge.

Duncan MacDowall wurdt foar it earst neamd yn histoaryske boarnen dy't datearje út begjin 1307. Yn 'e Slach by Loch Ryan kaam er doe yn 'e neite fan Stranraer in legerke Skotske opstannelingen oer it mad dat oanfierd waard troch Aleksander en Tomas fan Bruce (twa jongere bruorren fan kening Robert), de ridder Reginald fan Crawford en de ealman Malcolm MacQuillan, hear fan Kintyre. Doe't er dyselden nei in koarte mar fûleindige striid ta oerjefte twongen hie, liet MacDowall MacQuillan en twa Ierske haadlju, dy't ek ta de partij fan 'e Bruces hearden, daliks eksekutearje. Harren ôfsleine hollen stjoerde er Edwert I ta. Aleksander en Tomas fan Bruce en Reginald fan Crawford levere er oan 'e Ingelsen út, wêrnei't se oerbrocht waarden nei Carlisle, yn Kumbria, dêr't se in pear dagen letter, mids febrewaris 1307, ophongen waarden.

Yn 1308 waard in legermacht ûnder it befel fan MacDowall, Ingram fan Umfraville en Aymer fan St. John yn 'e Slach oan de Rivier de Dee, by Buittle, ferslein troch Edwert fan Bruce, in oare broer fan kening Robert I. Letter waard MacDowall oansteld as kastlein fan it Kastiel fan Dumfries, dêr't er yn 1313 kriichsfinzen nommen waard troch kening Robert sels, doe't dy it garnizoen fan it kastiel nei in belis ta oerjefte twong. It is ûnbekend wannear't of hoe't MacDowall oan syn ein kommen is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.