Durk IV
Durk IV fan Hollân (tusken 1020 en 1030 - 13 jannewaris 1049) wie in Fryske greve fan it lettere Hollân fan 1039 ôf. Hy sneuvele yn de omkriten fan Dordrecht op 13 jannewaris 1049.
Skiednis
bewurkje seksjeDurk IV wie de soan fan Durk III en Othilde fan de Noardmark. Hy sette de polityk fan machtsútwreiding fan syn heit troch. Dêrmei skeinde hy de belangen fan biskop Bernold fan Utert en de machtige súd- Nederlânske kleasters en biskoppen.
Hjirtroch kaam hy yn konflikt mei de keizer en de ryksbiskoppen. De Dútske keizer Hindrik III gie dêrom persoanlik foarop tsjin him yn 'e striid en yn 1046 twong hy Durk IV ôfstân te dwaan fan it troch him oermastere gebiet.
Koart neidat de keizer nei hûs gien wie begûn Durk de bisdommen Utert en Luik te plonderjen. Ek sleat er in ferbûn mei Godfried mei it Burd, de hartoch fan Opper-Lotaringen en de greven fan Flaanderen en Henegouwen. It antwurd fan de keizer dêrop wie in twadde strafekspedysje dêr't de keizer Flaardingen en Durk syn greeflike boarch yn Rynsburch by oermastere. De boarch waard folslein ferwoaste. By de tocht werom ferlear de keizer lykwols noch in soad manlju as gefolch fan oanfallen troch Durk syn bûnsmaten dy't ek iepenlik tsjin de keizer yn opstân kamen wienen. Letter yn 1049 waard Durk IV troch de biskoppen fan Metz, Luik en Utert yn in mûklaach lokke en deamakke. De Fryske greve wie noch jong, net-troud en sûnder bern. Hy waard opfolge troch syn jongere broer Floaris I.