E-mail

(Trochferwiisd fan E-post)

E-mail of mail is digitale post fia ûnder oare it ynternet, dat wol sizze it gehiel fan it ferstjoeren en ûntfangen fan digitale brieven of boadskippen. Foar dy Ingelske/ynternasjonale begripen wurde yn it Frysk faak de begripen e-post of elektroanyske post brûkt. Tagelyk kin it wurd ek it digitale brief of it boadskip sels betsjutte. Foar dy betsjutting wurdt yn it Frysk e-brief, elektroanyske brief of e-berjocht brûkt. De earste e-mail oer in kompjûternetwurk waard yn 1971 troch Ray Tomlinson ferstjoerd. Om 1995 hinne waard soks populêr by it grutte publyk, tegearre mei it wrâld-wide-web.

E-mail wurdt faak brûkt foar koarte, ynformele berjochten. Oars as in brief op papier wurdt it by e-mail akseptearre om koarte en kompakte sinnen te brûken. Troch it meistjoeren fan taheakken (attachments, mooglik sûnt de Multipurpose Internet Mail Extensions, MIME, ynfierd binne) is it ek mooglik om de ynhâld yn in oare foarm as tekst te ferstjoeren.

Resintlik hat kommunikaasje oer de e-mail deselde wetlike status krigen as dy fan in brief. De mailtsjes moatte dan wol oan in tal betingsten foldwaan. De autentisiteit moat boarge wêze; der moat sekerheid bestean oer de ôfstjoerder, en der moat net efterôf oan knoeid wurde kinne. De saneamde "elektroanyske hantekening" biedt hjir útkomst. De foardielen fan sa'n brûken fan e-mail fergelike mei oare foarmen fan kommunikaasje binne:

  • Snellere kommunikaasje;
  • Sneller ta in kontrakt komme kinne;
  • Besparring fan (ferstjoer)kosten;
  • Men hoecht net mear yn persoan by de oar lâns.

E-mail dêr't de ûntfanger net folle wearde oan taskriuwt wurdt junkmail neamd. In foarm fan junkmail is spam, e-mail dy't sûnder te freegjen oan in grut tal ûntfangers ferstjoerd wurdt. In e-zine is in tydskrift dat fia e-mail ferstjoerd wurdt. In fariant dêrop is it e-nijsbrief.

Foargongers fan e-mail binne it brief, it telegram, de teleks, de telefaks en binnen Nederlân it op Datanet basearre Memocom 400 dat lykwols nea súksesfol waard. Mooglik wurdt e-mail op termyn opfolge troch mobile kommunikaasje, lykas de SMS. Yn de kontekst fan e-mail wurdt de folle stadiger briefpost faak snail mail neamd.

E-mail is tsjintwurdich benammen tagonklik fia it ynternet, mar e-mail kin ek bûten it ynternet om tagonklik wêze trochdat de oarspronklike e-mail net netwurkôfhinklik is.

Keppeling om utens

bewurkje seksje