Deadsstjer

(Trochferwiisd fan Earste Deadsstjer)

De Deadsstjer (Ingelsk: Death Star) is in fiktyf mobyl romtestasjon en massaferneatigingswapen út 'e Star Wars-franchise. It wie in betinksel fan filmmakker George Lucas, de geastlike heit fan Star Wars. It publyk kaam foar it earst mei de Deadsstjer yn 'e kunde yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. De Deadsstjer is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), dy't spilet "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Yn 'e trilogy besteane twa ferzjes fan it wapen, allebeide boud troch yngenieurs fan it Galaktysk Keizerryk yn opdracht fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Sûnt syn earste ferskining yn in film yn 1977 is de Deadsstjer útgroeid ta in kultureel ikoan en in fuortendaliks werom te kennen elemint fan Star Wars.

De oarspronklike Deadsstjer út Star Wars: Episode IV – A New Hope.

Earste Deadsstjer

bewurkje seksje

De earste Deadsstjer, mei de offisjele oantsjutting DS-1 Orbitaal Gefjochtsstasjon en de koadenamme Projekt Stjerrestof, komt foar yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). Dêryn wurdt it romtestasjon foarsteld as in neibeard himellichem mei de (rûne) foarm en grutte fan in lytse moanne. Yn 'e film wurdt sein dat de Deadsstjer in diameter hat fan mear as 160 km en in bemanning fan nei skatting 1,7 miljoen minsken, ûnderstipe troch 400.000 robots. It romtestasjon is ek in massaferneatigingswapen dat tarist is mei in superlaserkanon dy't it fermogen hat om hiele planeten te ferdylgjen.

Dat wurdt demonstrearre as de kommandant, grut-moff Wilhuff Tarkin, it brûkt om 'e planeet Alderaan te ferneatigjen om't dat de thúswrâld is fan prinsesse Leia, in senator dy't by de opstân fan it Rebelleferbûn belutsen is. De blaudrukken fan 'e earste Deadsstjer wurde stellen troch it Rebelleferbûn, sa't sjen litten wurdt yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016). Neitiid wurde se troch prinsesse Leia ferburgen yn it binnenste fan 'e robot R2-D2 en nei gâns aventoeren bedarje se by de rebellen. Dy brûke se foar it útfieren fan in oanfal, wêrby't Luke Skywalker mei in presysjeskot profitearret fan in swakte yn it ûntwerp, sadat der in keatlingreäksje ûntstiet dy't ta de ûntploffing fan it hiele romtestasjon liedt.

 
De twadde Deadsstjer út Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.

Twadde Deadsstjer

bewurkje seksje

Neitiid set it Galaktysk Keizerryk útein mei de bou fan in twadde Deadsstjer, dêr't keizer Palpatine en syn neiste trewant, Darth Vader, yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi persoanlik tafersjoch oer hâlde. De twadde Deadsstjer is mei in diameter fan 200 km oanmerklik grutter as syn foargonger, en hoewol noch mar heal ôf is it ek technologysk mear avansearre. Yn 'e film dogge de rebellen in wraam op 'e twadde Deadsstjer om dy te ferneatigjen foar't er operasjoneel makke wurde kin, mar it blykt in falstrik te wêzen, mei it superlaserkanon al ree is. As it in lytse kommando-ienheid fan 'e rebellen op it oerflak fan 'e boskmoanne Endor lykwols slagget en sabotearje de fasiliteit dy't it enerzjyskyld foar de ûnfoltôge Deadsstjer opwekket, kinne de lytse romteskippen fan 'e rebellefloat de iepen struktuer fan 'e Deadsstjer binnen fleane en in direkte oanfal op 'e reäktorkearn útfiere. Dêrtroch ûnstiet der op 'e nij in ûntploffing dy't it hiele romtestasjon ferneatiget.

Stjerredeaderbasis

bewurkje seksje

Yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt de Stjerredeaderbasis (Ingelsk: Starkiller Base) yntrodusearje. Dat is in planeet dy't troch de út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk gearklofte Earste Oarder omboud is ta in massaferneatigingswapen dat hiele planetestelsels ferdylgje kin. Dat wurdt dien mei it planetestelsel fan Hosnian-Primus, dat op dat stuit de sit fan it regear fan 'e Nije Republyk is. Hoewol't de Stjerredeaderbasis in folle krêftiger en technologysk mear avansearre wapen is as de beide Deadsstjerren, rêdt it Ferset it op om it út te skeakeljen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.