Eastlike Delsetting

(Trochferwiisd fan Eastlike delsetting)

De Eastlike Delsetting (Aldnoarsk: Eystribygð; Yslânsk: Eystribyggð) wie it grutste fan de twa gebieten yn Grienlân dy't om 985 hinne kolonisearre waarden troch Noardske boeren út Yslân.

Kaart fan de Eastlike delsetting fan Noarmannen yn midsiuwsk Grienlân, mei de grutte pleatsen en tsjerken en guon geografyske nammen

Nettsjinsteand de namme lei de Eastlike Delsetting mear súdlik as eastlik fan de oare, de Westlike Delsetting, en lykas dy ek lei die oan de súdwestkust fan Grienlân oan lange fjorden: Eriksfjord, Igalikufjord/Einarsfjord, Sermilikfjord en oaren (sjoch kaart) mei yn it fierste súdeasten Kaap Farwol.

De kolonisten waarden laat fan Erik de Reade (Aldnoarsk: Eiríkr rauði). Dy hold trije jier op Grienlân ta nei't er fan Yslân ferballe wie; dêrnei gie er werom en wie er haad fan in ekspedysje fan 25 skippen mei in soad lju oan board. Mar 14 skippen kame te plak. Ut syn pleats Brattahlíð wie late Erik de delsettingen oant syn dea yn 1003.

Op syn hichtepunt hie de Eastlike Delsetting sa'n 4000 ynwenners. Yn 1261 waard die part fan de Noarske koloanje Grienlân. Nei 1400 is der gjin kontakt mear west tusken de Grienlânske Noarmannen en de bûtenwrâld; in de 15e iuw binne de buorkerijen ferlitten om net bekende redenen.

Der binne hjoed de dei noch ruïnes oer fan Noardske pleatsen en tsjerken (û.o. Brattahlíð, Garðar en Hvalsey), tichteby de stêd Qaqortoq en lytse Inuitdoarpen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: