Eastrumer Opfeart

De Eastrumer Opfeart is in opfeart yn de gemeente Dongeradiel. De feart rint fan de Suderie ôf, tusken Eastrum en Tilbuorren troch, nei it Dokkumer Grutdjip.

De Eastrumer Opfeart wie oant it begjin fan de 16e iuw belangryk foar de wetterôffier fan it Eastrumer sylfest, sis mar de doarpen Ealsum, Wetsens, Mitselwier, Jouswier en Eastrum sels. It wetter waard troch de Eastrumer syl lost yn it Dokkumer Grutdjip. De slûs is yn 1672, nei de oanlis fan in nije syl yn Ezumasyl (1671), ferfallen en Eastrum koe dêrnei allinne noch oer de Suder Ie mei skippen berikt wurde.

Op in topografyske kaart út 1927 is te sjen dat de opfeart doe noch oant Tilbuorren rûn [1]. Letter is er trochlutsen nei it Dokkumer Grutdjip dêr't er njonken it stienfabryk fia in slûske yn útmûnet[2].

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Historische Atlas Friesland, Robas 1990: kaartnûmer 59
  2. De Bosatlas van Fryslân, 2009; side 332