Ebeltje Boekema-Hut

Ebeltje Boekema-Hut (Zevenhuizen, 31 augustus 1911 - De Like, 11 juny 2022) wie fan 15 maaie 2021 oant har ferstjerren, foar safier't bekend wie, de âldste minske fan Nederlân. Frou Boekema-Hut stoar yn de âldens fan 110 jier.

Ebeltje Boekema-Hut
Ebeltje Boekema-Hut yn 2021
Ebeltje Boekema-Hut yn 2021
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ebeltje Boekema-Hut
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 31 augustus 1911
berteplak Zevenhuizen
stoarn 11 juny 2022
stjerplak De Like
wurkpaad
berop/amt boerinne
reden
  bekendheid
Aldste persoan fan Nederlân

Boekema-Hut groeide op yn Sânhuzen dêr't har heit in buorkerij hie. Op 8 novimber 1935 boaske se mei Lammert Boekema. Se namen de pleats fan heit Hut oer en krigen fjouwer dochters. Har man Lammert ferstoar yn 1990 yn 'e âldens fan 80 jier. Sûnt dy tiid wenne frou Boekema-Hut yn fersoargingstehûs Vredewold yn De Like. Har mem wie op har 97e de âldste ynwenster fan De Like, en har oerbeppe waard 101 jier âld.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: