Ecser
| |||||
Lân | Hongarije | ||||
Part fan | Pest | ||||
Status | doarp | ||||
Ynwenners | 3.534 (2008) | ||||
Gebiet | 13,1 km² | ||||
Webstee | www.ecser.hu | ||||
Etsjer (Hongaarsk: Ecser, Slowaaksk: Ečer) is in doarp yn Hongarije, mei 3.534 ynwenners (1 jannewaris 2008), dat in part is fan de stêdekloft fan Boedapest yn de provinsje Pest. In gedielte fan de ynwenners heart ta de Slowaakske minderheid binnen Hongarije. Etsjer leit flakby de ynternasjonale lofthaven Ferihegy International Airport en is mei it spoar Boedapest-Újszász-Szolnok en troch in snelwei mei Boedapest ferbûn.
Etsjer bestiet út fjouwer histoaryske kearnen: Maglód, Vecsés, Gyömrő en Üllő.
Skiednis
bewurkje seksjeEtsjer waard op 15 desimber 1315 foar it earst yn in skriftlike boarne neamd. It plak is âlder; yn 896 soe neffens in leginde de Magyaarske prins Arpad dy't syn Aziatyske folk it Donaugebiet binnenliede tsjin in iik sitten hawwe te bekommen. Doe't hy frege hoe't it plak hiet en fernom dat der gjin topografyske namme bekend wie sei hy "neam it dan iik". "Cser" is Hongaarsk foar iik.
Yn de tiid fan de iuwenlange Ottomaanske oerhearsking fan Hongarije (1526-1686) waard it doarp hielendal ferlitten mar yn 1669 fêstigen har de earste ynwenners wer yn Etsjer. Yn de ûnôfhinklikheidsstriid ûnder oanfiering fan Rákóczi, 1703-1711, levere Etsjer alve soldaten.
It Hongaarske plattelân wie oant yn de 19e iuw in feodaal strukturearre gebiet en de doarpen wienen it besit fan aadlike grutgrûnbesitters, de saneamde magnaten. Etsjer wie in it besit fan greve Antal Grassalkovich dy't yn de iere 17e iuw Slowaken nei it doarp helle. Dit is de oarsaak fan de Slowaakske minderheid.
It doarp is yn Hongarije bekend om syn monumintale katholike tsjerke út 1740 en in folksdûns, de "Ecseri lakodalmas" of Etsjerske boerebrulloft. De tsjerke, de dûns en de mytyske iik hawwwe in plak krigen yn it wapen fan Etsjer.
Krektas safolle Europeeske stêden en gemeenten is ek Etsjer in stedebân oangien. De Hongaren keazen foar Zlaté Klasy yn Slowakije en Kumbağ yn Turkije.