Edwin Steringa (Ljouwert, 1973) is in judocoach en judoka.

Hy waard grutbrocht yn Twizel, ferhuze nei Drachten en studearre oan de ALO yn Grins. Wennet yn 2011 mei frou en twa bern oan de râne fan De Gordyk.

Wûn it studintekampioenskip Universiade, die mei oan de Grand Prix's fan Moskou mar kwalifisearre him net foar de Olympyske Spullen fan 2000 yn Sydney. Gie fan syn judoklup yn Drachten nei de Mattekloppers yn Grins. Waard lid fan judoferiening Kenamju yn Haarlim op oanstean fan letter technysk bûnsdirekteur Cor van der Geest. Mei Kenamju wûn er yn 1998 de Europa Cup foar klupteams. Koart nei 2000 waard er trener yn Kollumersweach en De Westereen. Neidat er stoppe wie as topsporter sette er yn 2003 yn sporthal De Kamp op It Hearrenfean 'Judo A-Zeven' op mei Grietzen Bouma en Marco Oord. Letter waard er bûnscoach fan Jong Oranje. Doe't Sportstad It Hearrenfean fan sportkoepel NOC-NSF de CTO-status krige koe Steringa oan it wurk mei jong talint dat stúdzje en sport mei elkoar ferienje koe. Edwin hat tsjintwurdich syn eigen Sportynstitút Judo Edwin Eringa, koartwei JES. Judotalint Miranda Wolfslag fan Ljouwert wie ien fan de earsten dy't dêrfan profitearje koe.

Edwin Steringa waard acht kear Nederlânsk Kampioen en wûn yn 2002 de Fryske Sportpriis.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: