Een Gelukkige Hand
film út 2005
(Trochferwiisd fan Een gelukkige hand)
Een Gelukkige Hand is in dramatisearre dokumintêre út (2005) fan filmmakker Pieter Verhoeff (1938-2019) oer tekener en skriuwer Peter van Straaten (1935-2016), dêr’t ek syn fiktive kreaasje Agnes in rol spilet.
Pieter Verhoeff folge Van Straaten by syn wurk yn Amsterdam en Itaalje. De tekenings fan Van Straaten bepale de tema's. Reade trie is it optochte ferhaal om Agnes, in kreaasje út de ferhalen fan Van Straaten dy’t jierren oanien yn Vrij Nederland ferskynden. Agnes is bystânsmem mei in opgroeiende soan, dy’t yn werkenbere deistige sitewaasjes fersyld rekket. Verhoeff ferwurke in twadde ferhaalline oer Agnes, spile troch Renée Fokker. Ek mei Hans Kesting, Ingeborg Elzevier en Carolien van den Berg.