De Egeyske See is de namme fan in part fan de Middellânske See dat tusken Grikelân en Turkije leit. Der lizze in soad eilannen yn de Egeyske See. Fierwei de measte eilannen hearre by Grikelân, mar guon binne ek fan Turkije. Yn it noardeasten foarmje de Turkske Dardanellen de grins, yn it noardwesten is dat it Grykske skiereilân Kalkidike, yn it westen de Grykske eilân Euboea en it fêste lân fan Grikelân, yn it easten it Turkske fêstelân en yn it suden de Grykske eilân Kreta.

Egeyske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken Grikelân en Turkije
lân Grikelân
Turkije
koördinaten 39° N, 25° E
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
maks. lingte 670 km
maks. breedte 390 km
oerflak 214.000 km²
djiptegemiddelde 362 m
djipste punt 2.639 m
wetterfolume 70.000 km³
Satellytfoto fan de Egeyske See
Satellytfoto fan de Egeyske See

It súdlike part fan 'e Egeyske See hjit de Kretinzyske See, it súdeastlike part is de Ikaryske See, it súdwestlike part is de Myrtoaanske See, it noardwestlike part is de Termayske Golf (de bocht foar Tessaloniki) en it aldernoardlikste part hjit de Trasyske See.

De eilannen yn de Egeyske See binne tige populêr by minsken dy’t foar harren wille fan eilân nei eilân reizgje. Faak steane by de haven fan in eilân minsken te wachtsjen op de fearboaten, om de toeristen keamers oan de bieden foar in oernachting.

Fierders wurdt der ek fearn tusken de Grykske eilannen en it Grykske en Turkske fêstelân.

Der binne yn de âldheid ferskate ferklearrings bekend foar de namme Egeysk. Der wurdt sein dat de namme in ferwizing is nei de stêd Aegae, in oare ferklearring komt fan Aegea, keninginne fan de Amazônen dy’t yn de see ferdronk ek in ferklearring foar de namme kin wêze Aigaion, de “seegeit, in oare namme foar Briareus, ien fan de Hekatoncheiren.

De see kin sinne namme ek krigen ha fan de sêge fan Aigeus, de heit fan Thèseus. Dy stoarte him, doe’t hy tocht dat er te witten kaam wie dat syn soan dea wie, yn dizze see.

In oare mooglike ferklearring is in ôflieding fan it Grykske wurd αἶγες – aiges – weagen, de weagjende see.

Yn it Bulgaarsk wurdt de see ek wel de Wite See (Бяло море) neamd, as tsjinstelling tsjinoer de Swarte See. Dy oantsjutting is ôflaad fan it Turkske Ak Denis (Wite See) en Kara Deniz (Swarte See), wat werom giet op in âld Turksk gebrûk om de wurden wit en swart foar súd en noard te brûken.

De Egeyske See hat in grutte fan likernôch 214.000 kante kilometer, de see is sa’n 610 kilometer lang en 300 kilometer breed. De maksimum djipte fan de see is 3.543 meter, krekt eastlik fan Kreta. De sammelnamme foar de eilannen yn de see is de term Egeyske eilannen, se wurde yn sân groepen ferdield:

  1. Noardeastlike Egeyske Eilannen
  2. Euboea
  3. Noardlike Sporaden
  4. Kykladen
  5. Saronyske Eilannen
  6. Dodekanesos
  7. Kreta