Elisabeth Versluys

(Trochferwiisd fan Elizabeth Versluis)

Elizabeth Catharina Versluijs (Rotterdam, 27 desimber 1923Amsterdam, 18 novimber 2011, bekend as Elisabeth Versluys, wie in Nederlânske aktrise. Se wurke yn it teäter, wie te sjen op telefyzje en yn films en die mei oan harkspullen.

Elisabeth Versluys
akteur
Leo de Hartogh, Elisabeth Versluys en Ab Abspoel (1961)
Leo de Hartogh, Elisabeth Versluys en Ab Abspoel (1961)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Elizabeth Catharina Versluijs
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 desimber 1923
berteplak Rotterdam
stoarn 18 novimber 2011
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1947-2011
offisjele webside
IMDb-profyl

Libben en wurk bewurkje seksje

 
Elizabeth Versluys yn Maigret mei Hans Boskamp

Elisabeth Versluys wie in dochter fan Leunis David Versluijs en de aktrise Stine Lerou. Se gie yn Rotterdam nei it gymnasium en folge yn de jierren 1943-1946 de toanielskoalle yn Amsterdam. Yn it seizoen 1946/1947 debutearre se by Comedia yn De hemel komt later wel fan Harry Sega.[1] Se wurke de jierren dêrnei ôfwikseljend foar Comedia en it Rotterdamsk Toaniel. Yn 1948 troude se mei de akteur en toanielregisseur Joan Remmelts, dy 't destiids ek oan it Rotterdamsk Toaniel ferbûn wie, [2] mei wa 't se twa soannen krige.

Fan de midden fan de jierren fyftich ôf wie Versluys in protte te sjen op telefyzje, ûnder oare yn de searjes Maigret, De fabryk en as Tante Tip yn Oppassen!!! Har lêste grutte rol op telefyzje wie yn Toen was geluk heel gewoon. Se spile dêryn de rol fan Lea van Vliet, de mem fan Nel Kooiman (Joke Bruijs) en skoanmem fan Jaap Kooiman (Gerard Cox).

Versluys ferstoar yn novimber 2011 yn de âldens fan 87 jier nei in koart siikbêd en waard beïerdige op Zorgvlied yn Amsterdam.

Filmografy bewurkje seksje

Film bewurkje seksje

Telefyzjerigen bewurkje seksje

Harkspul bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Yn 1978 ferfilme as Heaven Can Wait.
  2. Toneelhuwelijk, Het Parool, 13 april 1948