Ella Enchanted (film)

film út 2004 fan Tommy O'Haver

Ella Enchanted, yn guon lannen en territoaria útbrocht as Princess Ella, is in Amerikaansk-Britsk-Ierske romantyske fantasykomeedzjefilm en famyljefilm út 2004. De film waard regissearre troch Tommy O'Haver, en de haadrollen wurde fertolke troch Anne Hathaway en Hugh Dancy. Ella Enchanted is loskes basearre op it bekroande berneboek mei deselde namme út 1997 fan Gail Carson Levine. De titel betsjut "Ella Betsjoend". It ferhaal parodiëarret it mearkesjenre troch de jongfaam Ella te folgjen, dy't ûnder in betsjoening ferkeart om altyd dwaan te moatten wat har opdroegen wurdt. Hja giet op 'e siik nei de fee dy't har mei dat "geskink" bejeftige hat, mar moetet ynstee in prins. Fan 'e filmkritisy ûntfong Ella Enchanted mingde resinsjes, en de film flopte yn 'e bioskopen.

Ella Enchanted
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tommy O'Haver
produsint Susan Miller
Jane Startz
senario Laurie Craig
Karen McCullah Lutz
Kirsten Smith
Jennifer Heath
Michelle J. Wolff
basearre op it berneboek fan
   Gail Carson Levine
kamerarezjy John de Borman
muzyk Nick Glennie-Smith
filmstudio Blessington Film Productions
Jane Startz Productions
distribúsje Miramax Films
spilers
haadrollen Anne Hathaway
Hugh Dancy
voice-over Eric Idle
byrollen Aidan McArdle
Lucy Punch
Minnie Driver
Jimi Mistry
Vivica A. Fox
Cary Elwes
Steve Coogan
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Ierlân
premiêre 9 april 2004
foarm langspylfilm
sjenre romantyske fantasykomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $31 miljoen
opbringst $27,4 miljoen

Koart nei't Ella fan Frell yn it keninkryk Lamia te wrâld kommen is, wurdt se troch de arrogante en yrritante fee Lucinda Perriweather bejeftige mei it "geskink" fan hearrigens. Fan gefolgen wurdt se troch magy twongen om altyd fuortendaliks te dwaan wat har sein wurdt. It docht al rillegau bliken dat dat geskink eins in flok is, dêr't de opgroeiende Ella slim ûnder te lijen hat. It bliuwt in geheim fan Ella, har mem Eleanor en harren hûsfee Mandy, en as Eleanor op in stuit slim siik rekket, draacht se de fjirtjinjierrige Ella op har stjerbêd op om nea mei immen útsein Mandy oer de flok te praten, om't it, as soks bekend wurde soe, perfoarst tsjin har brûkt wurde sil.

Jierren letter wertrout Ella har heit mei Olga, in rike ealfrouwe. Hja mei Ella fuortendaliks net lije, en Ella is sels likemin bot ynnommen mei har nije styfmem. Ta oermjitte fan ramp bringt Olga twa foardochters út in earder houlik mei, de oant yn 'e grûn bedoarne Hattie en Olive. De jongste, Olive, is net de helderste stjer oan it firmamint, mar de âldste, Hattie, ûntdekt al rillegau dat der wat aparts mei Ella is, dat makket dat se alles dwaan moat dat har as direkt befel opdroegen wurdt. Hja begjint dêr fuortendaliks misbrûk fan te meitsjen. Nei't har heit ôfset is op in lange reis, wurdt Ella har libben sa ta in hel.

Hattie is de foarsitter fan 'e fanklub fan prins Char, de troanopfolger fan Lamia. Dat is in feriening fan fammen dy't allegear smoarfereale op 'e knappe prins binne en derfan dreame om ienris mei him te trouwen. As de prins op in dei in besyk oan Frell bringt, ûnderbrekke Ella en har bêste freondinne Areida syn taspraak mei in lûdkiels protest tsjin 'e behanneling fan 'e ogers yn Lamia ûnder it regear fan Char syn omke, prins-regint Edgar. Hattie oarderet Ella om nei hûs te gean, mar ûnderweis dêrhinne komt Ella prins Char tsjin, dy't oan 'e efterfolging troch de leden fan syn eigen fanklub besiket te ûntkommen. Hja reitsje oan 'e praat, en de prins is yntrigearre troch in famke dat him beskrobbet om 'e mistannen yn it keninkryk ynstee fan dat se yn 'e swym falt om't se sa smoarfereale op him is.

As Hattie merkt dat prins Char mear belangstelling foar Ella hat as foar harsels, draacht se Ella út jaloerskens op om winkeldieverij te begean en net ien te fertellen wêrom't se it dien hat. As Ella pakt wurdt, kin se dus net fertelle hoe't it komt. Frouwe Olga is raar gesteld om in dievegge yn 'e famylje te hawwen. Mandy oppenearret dat Ella soks nea út harsels dien hawwe kin, en Hattie falt har by, wylst se Ella yn it ear flústeret om te sizzen dat Areida it har dwaan litten hat.

De útlânske Areida, dy't in protte fan diskriminaasje en rasisme te lijen hat, is al sûnt har bernetiid Ella har bêste freondinne. Se wrakselet dêrom tsjin 'e betsjoening, mar hat gjin oare kar as om te sizzen dat Areida efter de dieverij sit. Dêrop ferbiedt Olga Ella om ea noch gedoente mei Areida te hawwe. As Areida fuort dêrnei oan 'e doar komt, oarderet Olga Ella om tsjin har te sizzen dat se har nea wer sjen wol. En Hattie foeget dêroan ta dat se ek sizze moat dat se dochs nea freonen wêze koe mei ien fan Areida har soarte. Twongen troch de flok kin Ella net oars as mei triennen yn 'e eagen en it skamread op 'e kaken te dwaan wat har opdroegen is.

Neitiid is Ella der beroerd fan wat de betsjoening har dwaan litten hat. Se beslút dat se Lucinda sykje moat om dyselde te freegjen har te ûnttsjoenen. Mandy lient har foar dy kweeste har feint út, Benny, dy't se by fersin omtsjoend hat ta in magysk boek. As se in fraach stelt en dan it boek iepenslacht, sil se faak (mar net altyd, want hy is gjin ensyklopedy) it antwurd fine. As Ella freget wêr't se Lucinda fine kin, docht bliken dat de fee op in brulloft fan in pear reuzen is. Dyselde jûns noch set Ella ôf dêrhinne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis, as se troch in wâld tsjocht, rêdt Ella de elf Slannen fan Pym, dy't tramtearre wurdt troch in pear strûkrôvers. (Hy ropt har ta dat se ien fan 'e rôvers yninoar slaan moat, wat se dêrnei dwaan moat, ek al wist se sels net iens dat se it yn har hie.) Slannen is in tige ûntefreden elf, mei't elven ûnder de nije wetten dy't troch prins-regint Edgar ynfierd binne, allinne noch artysten wêze meie, wylst Slannen no krekt abbekaat wurde wol. Hy jout him by Ella en wurdt mei har finzen nommen troch in trijetal ogers, dy't harren opite wolle. De lieder fan it trio, Nish, seit tsjin har dat se har net bewege moat as er har yn 'e itenspôt sakje lit, dat Ella is folslein warleas. Hja wurdt lykwols rêden troch de hommelse oankomst fan prins Char. Hy en syn maten jouwe de ogers in wan bruien. Char hat it net op ogers stean om't dy syn heit, kening Florian, fermoarde hawwe. Under ynfloed fan Ella lit er Nish-en-dy lykwols gean.

Neitiid beslút Char Ella te begelieden op har reis nei de reuzebrulloft. Underweis iepenet sy him de eagen foar de ûnderdrukking fan elven, reuzen, ogers en oare mytyske wêzens troch de wetten fan prins-regint Edgar. As se einlings de brulloft berikke, ûntdekke se dat Lucinda alwer fuort is. Benny kin inkeld plaatsjes fan har sjen litte, mar dêrút blykt net wêr't se har no befynt. Underwilens bepraat Char mei Koopooduk, de lieder fan 'e fredeleavjende reuzen, de tastân yn it keninkryk en ûnthjit ferbetterings yn 'e behanneling fan 'e reuzen sadree't er kening wurdt, wat mei koarten barre sil. Ella wol daliks wer fuort om efter Lucinda oan, mar Char ropt har op om te bliuwen, wat de flok yn wurking stelt. As er dêrnei syn wurden fersêftet mei de tafoeging dat se it net dwaan moat as se it net sels wol, begjint Ella foar it earst in swak foar him te krijen. Slannen wol net foar de reuzen optrede, dat dan ropt Koopooduk Ella op om te sjongen, wat har gjin oare kar lit. Se sjongt mei grut súkses Somebody to Love (fan Queen) foar de brulloftsgasten en bedarret oan 'e ein fan it liet yn 'e earms fan Char. Underwilens kriget Slannen, dy't sels foar in elf koart fan stik is, sjans mei de reuzinne Brumhilda.

De oare moarns sette prins Char, Ella en Slannen ôf nei it keninklik kastiel yn 'e haadstêd, dêr't Ella neffens Char yn it keninklik argyf folle makliker Lucinda opspoare kin. Yn 'e haadstêd binne de risselwaasjes foar de kroaning fan prins Char yn folle gong. Gasten arrivearje fan hein en fier, en ûnder harren binne ek Ella har styfmem en styfsusters, mei hûsfee Mandy by harren. As Hattie Ella mei prins Char sjocht, ferklapt se oan prins-regint Edgar (yn ruil foar in ûnthjit dat se mei Char trouwe mei) dat Ella alles dwaan moat dat har opdroegen wurdt. Underwilens hat Char oan syn omke tabetroud dat er fan doel is om Ella op it grutte bal de jûns foar de kroaning fansiden te nimmen sadat er har freegje kin mei him te trouwen. Dêrop sykje Edgar en syn riedshear Heston, in grutte griene slange, Ella op yn it argyf, dêr't Edgar har in dagge tastoppet en har opdracht jout om dy prins Char troch it hert te ramen as er har om tawurd freget. Ella is skokt en ferbjustere en freget him wêrom't er syn eigen omkesizzer dea hawwe wolle soe. Edgar antwurdet dat er sels kening wurde wol, en dat er dêrom ek syn broer Florian, Char syn heit, ombrocht hat en neitiid de ogers de skuld op 'e lea skood hat. Hy seit ek dat se alles dat er tsjin har sein hat, geheim hâlde moat, wêrnei't er har fuortstjoert.

Ella skriuwt Char in brief wêryn't se oanjout dat se fuort moat en him nea wer sjen kin, mar net útleit wêrom, sadat Char yn betizing efterbliuwt. Se naait út en lit Slannen har bûten de stêd mei keatlings oan in grouwe beam fêstsette. Dêrnei stjoert se him derop út om elven en reuzen gear te bringen dy't prins Char beskermje moatte. Nei tsjuster komt de lang sochte Lucinda by tafal yn itselde fjild del dêr't Ella oan 'e beam fêstklonken stiet. Ella smeekt har om har 'geskink' fan hearrigens werom te nimmen, mar Lucinda reägearret misledige en seit dat se sels mar sjen moat dat se derfan ôf komt, as se it net hawwe wol. Mar om sjen te litten dat se gjin wrok koesteret, befrijt se Ella fan 'e keatlings en tsjoent har klean om ta in prachtige wite baljurk. Ella is alhiel feralterearre fan ôfgriis, mei't der no neat mear is dat de betsjoening fan prins-regint Edgar syn wurden tsjinkeart.

Se is twongen om werom te gean nei it kastiel, dêr't se it bal yn strompelet dat al lang oan 'e gong is. Char skuort har mei nei in geheime seal mei spegels oan alle wanden, dêr't er har freget om mei him te trouwen. Hy freget har om earlik te antwurdzjen, sadat Ella him tawurd jaan moat. As er har dêrnei omearmet, hellet Ella de dagge foar 't ljocht en set him dy tsjin 'e rêch oan. Op it momint dat se tastekke sil, sjocht se harsels yn 'e spegels en oarderet se harsels om net mear hearrich oan oaren te wêzen. De flok wurdt dêrmei ferbrutsen, mar Char merkt ynienen de dagge op en kriget foar it ferstân dat Ella him deadwaan woe. Hy triuwt har by him wei en ûntkomt, wêrnei't Edgar Ella finzen nimme en yn 'e tsjerkers smite lit foar't se de kâns hat om wat út te lizzen.

Underwilens wurdt Benny, dy't ûnder in steapel oare boeken efterbleaun wie yn it argyf, by it ôffal smiten om't syn bledsiden leech binne. Hy wurdt fûn troch Slannen, dy't mei Koopooduk, Brumhilda en in stikmannich elven yn 'e haadstêd arrivearre is. Benny fertelt dat Ella finzen sit, en Slannen-en-dy beslute har te befrijen. Dêrfoar krije se help fan Nish en twa oare ogers, dy't de haadstêd ynkrongen wiene om prins Char te fermoardzjen. Mei syn allen kringe se de tsjerkers yn, dêr't se Ella frijlitte. Neitiid lit Benny sjen dat prins-regint Edgar de keningskroan fan Lamia ynsmaard hat mei fergif, sadat Char omkomme sil sadree't er kroane wurdt.

De kroaningsseremoanje is ûnderwilens al oan 'e gong, dat Ella en de oaren kringe daliks de troanseal binnen om 'e moard foar te kommen. Edgar stjoert syn soldaten derop ôf, mar dêr meitsje de ogers en de reuzen koarte metten mei. Mandy besiket op 'e nij om Benny werom te tsjoenen ta in man, sadat hy ek meifjochtsje kin, wat einlings slagget. Ella rekket ek yn it gefjocht behelle, en Char komt tuskenbeiden om har te rêden. Sy sprekt har leafde foar him út en bringt it komplot fan syn omke oan it ljocht om him te fermoardzjen. Ek fertelt se dat it net de ogers wiene, mar Edgar dy't kening Florian deadien hat. Edgar ûntkent alles stielhurd, mar syn riejouwer Heston jout prins Char op in hier nei in deadlike byt. Ella skopt him lykwols krekt op 'e tiid fuort, wêrnei't er lyncht wurdt troch de leden fan 'e prins syn fanklub. Char beskôget de oanfal fan Heston as befêstiging dat syn omke skuldich is. Edgar rekket dan alhiel breinroer, falt út tsjin Char en ropt himsels ta kening út troch de kroan op syn eigen holle te pleatsen. Dêrby ferjit er lykwols eefkes it gif, en dat blykt in fatale flater.

Net folle letter fynt de brulloft fan kening Char en Ella plak, ta grut fertriet fan Hattie en de oare leden fan 'e fanklub fan prins Char, mar ta blydskip fan 'e rest fan it keninkryk. Char kundiget in nij tiidrek fan rjochtfeardigens en lykweardigens oan fan al syn ûnderdienen. It breidspear en de brulloftgasten fiere mei sang en dûns it liet op Don't Go Breaking My Heart (fan Elton John en Kiki Dee), foar't Char en Ella ôfsette op harren houliksreis.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Anne Hathaway.
 
Hugh Dancy (2011).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Ella fan Frell Anne Hathaway
prins Charmont (ropnamme Char) Hugh Dancy


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Slannen fan Pym Aidan McArdle
Hattie Lucy Punch
Mandy Minnie Driver
Benny Jimi Mistry
Lucinda Perriweather Vivica A. Fox
prins-regint Edgar Cary Elwes
Heston de slange Steve Coogan (as stimakteur)
de ferteller Eric Idle
Olive Jennifer Higham
Nish de oger Jim Carter
Koopooduk de reus Alvaro Lucchesi
Brumhilda de reuzinne Heidi Klum
Areida Parminder Nagra
sir Peter fan Frell, Ella har heit Patrick Bergin
frouwe Olga, Ella har styfmem Joanna Lumley
frouwe Eleanor, Ella har mem Donna Dent
de jonge Ella Aimee Brigg
de jonge Areida Ankita Malkan

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Ella Enchanted waard regissearre troch Tommy O'Haver nei in senario fan Laurie Craig, Karen McCullah Lutz, Kirsten Smith, Jennifer Heath en Michelle J. Wolff. It wie hiel loskes basearre op it Amerikaanske berneboek Ella Enchanted fan Gail Carson Levine, dat bekroand waard mei in Newbery Honor.

Film en boek ferskille lykwols safolle faninoar dat se, neffens Levine "eins net te ferlykjen binne." Sa komme prins-regint Edgar en syn slange Heston yn it boek net foar, binne yn it boek de âlden fan prins Char noch yn libben en ek folget it boek it mearke Jiskepûster folle trouwer en sûnder dat it in parody is. Anne Hathaway, dy't it boek goed koe om't se it al lêzen hie doe't se sechstjin jier wie, sei letter yn in fraachpetear dat der in earder skript west hie dat it boek folle sekuerder folge, mar dat it ferhaal sa't it wie net wurke foar in film. Dêr heakke se oan ta dat se de foarkar jout oan 'e film boppe it boek, om't de film de gek mei himsels as mearke hat.

As produsinten wiene Susan Miller en Jane Startz by it projekt belutsen foar de filmstudio's Blessington Film Productions en Jane Startz Productions. De film wie in Amerikaansk-Britsk-Ierske ko-produksje, dêr't in budget fan $31 miljoen foar beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John de Borman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nick Glennie-Smith. De opnamen fûnen plak yn Ierlân, yn 'e Ardmore Studios yn Bray en op lokaasje yn Wicklow en Kiltegan, by de berch Luggala en yn it lânhûs Killruddery House, ek yn Bray.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Ella Enchanted waard fersoarge troch Miramax Films. De film gie op 9 april 2004 yn premiêre yn 'e Amerikaanske bioskopen, mar kaam pas op 17 desimber fan dat jier út yn it Feriene Keninkryk en Ierlân. It byhearrende soundtrackalbum dat op 6 april 2004 by platemaatskippij Hollywood Records ferskynde, omfettet û.m. de nûmers Respect (fan Aretha Franklin) covere troch Kelly Clarkson, Somebody to Love (fan Queen) en Don't Go Breaking My Heart (fan Elton John en Kiki Dee), beide covere troch Anne Hathaway en Jesse McCartney.

Fan 'e filmkritisy krige Ella Enchanted mingde resinsjes, hoewol't Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren joech en (op 9 april 2004) omskreau as "de bêste famyljefilm fan it jier oant no ta." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ella Enchanted in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 115 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hathaway is in sjarmante heldinne, mar de ienfâldige ferhaalline strûpt derûnder troch de tafoeging fan flauwe trúkjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Ella Enchanted in goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 30 resinsjes.

Ella Enchanted brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $22,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $4,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $27,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $31 miljoen betsjut dat in ferlies fan $3,6 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by komme.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.