Ellemieke Vermolen

Ellemieke Vermolen (folút: Ellemieke Elisabeth Cathriene Vermolen; Hellefuotslûs, 13 oktober 1976) is in Nederlânsk model, aktrise en presintatrise, dy't yn 2000 lanlike bekendheid krige doe't hja de rol fan Bo Donkers spile yn 'e soapsearje Goudkust.

Ellemieke Vermolen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ellemieke Elisabeth Cathriene
   Vermolen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 13 oktober 1976
berteplak Hellefuotslûs (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, model, aktrise
medium tillefyzje
wurksum by RTL, SBS
bekend fan Puzzeltijd, Klussen en Wonen
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
gjint

Karriêre bewurkje seksje

Vermolen die nei de MAVO in trijejierrige siktaresseoplieding by it Schoevers-ynstitút. Neitiid fûn se wurk as model, en sa ferskynde se bgl. yn reklamespotsjes fan C&A en Amstel. Troch dy spotsjes kaam hja yn kontakt mei Joop van den Ende, dy't har in baan oanbea by it programma Millenniumspel, op RTL 4. Fia fia krige Vermolen doe de rol fan Bo Donkers yn 'e soapsearje Goudkust, op SBS 6, taspile.

Fan septimber 2002 ôf presintearre Vermolen it spulprogramma Puzzeltijd, op RTL 4. Yn maart 2003 stapte se oer nei SBS, dêr't se ferskate programma's presintearre, wêrûnder Klussen en Wonen, Exclusief en Mama, Ik Heb Je Huis Verbouwd. Letter wie se ek te sjen yn Shownieuws en Huizenjacht.

Ellemieke Vermolen waard yn 2005 troch it tydskrift FHM útkard ta de meast seksy frou fan Nederlân. It jiers dêrop die se mei oan it realitytillefyzjeprogramma Sterren Dansen op het IJs, wêryn't se by in skate-off mei âld-reedrider Hein Vergeer útskeakele waard en in fyfde plak helle. Yn 2007 naam Vermolen in duët mei sjonger Gerard Joling op, mei as titel Liefde. Oant augustus 2011 presintearre se it oersichtsprogramma De 25, op SBS 6.

Priveelibben bewurkje seksje

Vermolen troude yn 1998 mei muzykprodusint John Ewbank, mar dat houlik rûn in jier letter al op in skieding út. Yn 2006 hie hja in hoartsje in relaasje mei sjonger Jan Smit. Yn 2007 lei se it oan mei topkok Sergio Herman, mei wa't se op 11 septimber 2008 troude. Mei him hat se twa soannen, dy't berne binne yn 2009 en 2010.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.