Ellen Floris is in keunstner dy't sûnt 1999 yn Sint Anne op It Bilt oan de Waadkust wennet. It ljocht, de kleuren, de rêst en de romte fan It Waad leit se fêst op kleurefoto's mei in skildereftich oansjen.

It Waad by Westhoek

De skientme fan it Waad leit se fêst op in wat ferfrjemdzjende wize. Werspegelingen fan it ljocht meitsje dat de foto's hast abstrakt oandogge.

Sûnt 1995 docht Floris mei oan de ynternasjonale fotomanifestaasje Noarderljocht. Yn 2005 krige se in romte oan hûs: Atelier Elbow.

Ellen Floris is lid fan de Waadkeunstrûnte en fan FRIA, de fakferiening fan Fryske keunstners. Eksposysjes fan har wurk binne ek te sjen yn Galery De Kleine Hoogstraat yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: