Elten is in doarp oan de grins mei Nederlân yn de Dútske gemeente Emmerik. It plak leit yn de dielsteat Noardryn-Westfalen en wurdt oan trije kanten ynsletten troch Nederlân.

Elten
Sint-Martinustsjerke
Sint-Martinustsjerke
Emblemen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
kring Kleef
gemeente Emmerik
Sifers
Ynwennertal 4.731 (2008)
Oerflak 16,36 km²
Befolkingsticht. 289 ynw./km²
Hichte 13–82 m
Oar
Postkoade 46446
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 52'N 6° 9'E
Offisjele webside
Elten op de gemeenteside
Kaart
Elten (Noardryn-Westfalen)
Elten

Op it doarpsgebiet fan Elten leit ek Hoch-Elten ('Heech-Elten'), dat op in 82 meter hege útrinner fan it yn Nederlân lizzende Montferlân leit en eartiids it stiftsgebiet fan de Fitusabdij omfieme.

Skiednis bewurkje seksje

It doarp hat in soad mienskiplik mei de skiednis fan de Nederlânske provinsjes Gelderlân en Oerisel. Lang bleau de fiertaal yn Elten Nederlânsk, mar nei't it keninkryk Prusen it anneksearre naam de ynfloed fan it Nederlânsk ôf en it Dútsk ta.

 
Elten
(Abraham Rademaker, 1727 - 1733)

It doarp leit yn in ynholte tusken de Nederlânske grins en waard op 23 april 1949 as kompinsaasjes foar de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich troch Nederlân anneksearre. Dy anneksaasje duorre oant 1 augustus 1963, doe't it wer by Dútslân foege waard. Yn de tuskentiid hiene de bewenners in Nederlânsk paspoart en moasten hja harren legitimearje as hja nei Dútslân ta woenen. Stimrjocht krigen de nije ynwenners fan Nederlân lykwols net.[1]

Yn Elten wenje njonken Dútsers tsjintwurdich ek in soad Nederlânske ynwenners. Likernôch 30% fan de befolking hat de Nederlânske nasjonaliteit. In soad Nederlânske ynwenners fan Elten wurkje yn Arnhim.[2]

Butternacht bewurkje seksje

De deis foardat Elten wer Dútske waard, rieden út hiele Nederlân frachtweinen mei guod nei Elten om it dêr yn skuorren, kelders of op de strjitten op te slaan. Om't om 24:00 oer it plak wer Dútsk waard koene sa de ynfierrjochten fan Nederlânsk guod ûntdûkt wurde. Om't dêrûnder in soad bûter wie, krige dy nacht de namme Butternacht. Hjoed-de-dei wurdt noch jimmeroan sein: Elten kam nicht heim ins Reich, sondern reich ins Heim. De ûndernimmers hiene mei de aksje neffens rûzing sa 50 oant 60 miljoen oan rjochten besparre.[3]

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • Sint-Martinustsjerke
  • Stiftstsjerke Sint-Fitus (Hoch-Elten) mei stiftsgebouwen
  • Bultmûne oan de Stokkumer Str. 27

Ofbylden Elten bewurkje seksje

Ofbylden Hoch-Elten bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Elten