Enneüs (Inne) Heerma (Ryptsjerk, 23 desimber 1944Amsterdam, 1 maart 1999) wie in Nederlânsk politikus en bestjoerder fan Frysk komôf. Heerma wie ûnder oare wethâlder yn Amsterdam en steatssekretaris fan Folkshúsfesting, Romtelike Oardening en Miljeubehear foar it CDA. Hy wurdt wol omskreaun as in “hurde arbeider, manmoedich bestjoerder en in politikus dy’t frjemd is fan flauwe kul en opskik”.[1]

Steatssekretaris fan VROM Enneüs Heerma (1988)

Libben en wurk

bewurkje seksje

Enneüs waard oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich berne yn Ryptsjerk, hy wie de soan fan Pieter Heerma, in feehâlder, en Sijtske Kempenaar.[2] Heerma wie de tredde soan yn in gesin fan fiif bern. Heerma kaam op It Hearrenfean op de MULO-B. Yn 1963 behelle hy it diploma HBS-B yn Drachten. Op 8 juny 1968 troude Heerma mei Anke Govertine Vonkeman (* 1946). Se soenen trije bern krije, twa dochters en ien soan, Pieter Heerma dy't by de Twadde Keamerferkiezingen fan 2012 ta CDA-Keamerlid keazen wurde soe. Fan 1963 oant 1970 studearre Heerma politikology oan de Frije Universiteit fan Amsterdam. Hy helle hjir it doktoraaleksamen.

Yn 1971 kaam Heerma oan it wurk by Van de Bunt, in organisaasje-advysburo yn Amsterdam, hjir soe hy oant 1978 oan it wurk bliuwe.

As reformearre studint wie Heerma yn 1967 al lid wurden fan de Anti Revolúsjonêre Partij. Yn 1971 kaam hy foar dizze partij yn de rie fan Amsterdam te sitten. Heerma waard letter de earste fraksjelieder fan it CDA yn Amsterdam, dat fuortkaam út in fúzje yn 1974 fan de ARP, de Kristlik-Histoaryske Uny en de Katolike Folkspartij. Dat joech each omdat hy earder noch krityk hân hie op de fúzje fan dy partijen nei it CDA op lânlik nivo. Neffens Heerma soenen de stânpunten fan de ARP net goed útkomme yn sa’n fúzjepartij.

Heerma waard wethâlder fan Ekonomyske Saken en Loftfeart- en Havenoangelegenheden yn 1978. Nei de rieferkiezings fan 1982 kaam der ek noch de Iepenbiere Wurken by, ek waard hy doe lokoboargemaster fan Amsterdam. As wethâlder sette Heerma him tegearre mei Jan Schaefer yn foar it behâld fan de skipswerven fan Amsterdam. De beide mannen slaggen deryn om de skipswerf Amsterdamse Droogdok Maatschappij te behâlde foar de stêd. De wurkgelegenheid fan tûzenen minsken waard sa feilich steld. Mei hjirtroch waard syn fuortgean yn 1986 nei de lânlike polityk yn De Haach as in grut ferlies beskôge troch de minsken yn Amsterdam.

Op 17 july 1986 kaam Heerma yn it twadde kabinet-Lubbers, hy waard de steatssekretaris fan Ekonomyske Saken. Al nei trije moanne stappe hy oer nei it departemint fan Folkshúsfesting, Romtlike Oardening en Miljeubehear, wêr’t hy ek steatssekretaris waard. Hy moast syn partijgenoat Gerrit Brokx opfolgje dy’t fuort gie, krekt foar de parlemintêre enkête oer de Bousubsydzjes. Hy soe op dizze post bliuwe oant de ferkiezings fan 1994.

By de ferkiezings fan 1994 rekke it CDA tweintich sitten kwyt en bedarren se yn de opposysje. Nei de ferkiezings waard Heerma keazen ta fraksjefoarsitter fan it CDA nei dat listlûker Elco Brinkman dêrmei stoppe wie nei de minne ferkiezings. Heerma moast it CDA in nij gesicht jaan, mar dat slagge him net folslein. Heerma waard dan wol romme om syn hurde wurk en yntegriteit, mar hy slagge der net yn de kiezers wer nei de partij te lûken.

Yn polityk opsicht hat it net in gelokkige tiid west foar Heerma as fraksjefoarsitter fan it CDA. Syn optredens yn de Twadde Keamer wienen faak te ôfwachtsjend en hy kommunisearre net goed mei syn partijgenoaten. Sa waard ien fan syn foarstellen, it oanstellen fan in minister foar Gesinssaken, ûntfong yn de keamer mei laitsjerij. Mar tolve jier letter kaam syn winsk noch út, mei it oanstellen fan in minister foar Jeugd en Gesin.

Dêr kaam yn desimber 1995 noch by dat Heerma by in jieroersjoch fan RTL4 fuort gie, doe’t hy konfrontearre waard mei de ferrassing dat de telefyzjestjoerder ek de útslach fan de “beste en minste politikus fan it jier” bekend makke wurde soe. Hy soe útroppen wurde ta minste politikus fan it jier. Hy siet al yn de smink doe’t hy fuort rûn. Syn wurdfierder sei dat hy “ûnder falske foarwynsels” nei de studio helle wie, benammen omdat Heerma earder al besletten hawwe soe net mei te dwaan oan it RTL4-program Het Jaar van Willibrord, wêryn't de útslach fan de enkête sitte soe.[3][4]

Hy krige krityk fan oare partijen en ek fan syn eigen partij út waard krityk spuit. Yn 1995 drige hy al ris mei opstappen, doe koe hy der noch, mei muoite, fan wjerhâlden wurde, mar yn 1997 wie it hielendal dien. Hy krige oer de media krityk fan CDA-foaroanmannen as Dries van Agt en Norbert Schmelzer. Jaap de Hoop Scheffer waard yn dy tiid ferkeazen as nije listlûker fan it CDA by de ferkiezings fan 1998. Doe dat barde hold Heerma der dochs mei op yn de Twadde Keamer; op 27 maart joech hy de foarsittershammer oer oan Jaap de Hoop Scheffer en op 9 april joech hy syn parlemintssit oer.

Yn oktober 1997 waard Heerma neamd as kandidaat foar it boargemasterskip fan de gemeente Hilfertsom, mar op de dei dat hy troch minister Hans Dijkstal foardroegen wurde soe, waard der longkanker by him konstatearre. Oardel jier letter stoar Heerma oan de gefolgen fan de sykte.

Alhoewol’t Heerma al lang net mear yn Fryslân wenne, bleaun syn ‘heitelân’ dochs lûken. Heerma koe oerenlang geniete fan de Fryske greiden en de fûgels yn it Fryske lân.[5]

De yn 2001 oplevere brêge yn Amsterdam, dy’t Zeeburgereiland en Steigereiland mei elkoar ferbynt, is nei Enneüs Heerma ferneamd; de Enneüs Heermabrêge.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Drs. E. Heerma Parlement & Politiek (sjoen op 10 desimber 2009)
  2. HEERMA, Enneüs (1944-1999), Instituut voor Nederlandse Geschiedenis (sjoen op 10 desimber)
  3. Heerma loopt boos weg van opnamen RLT 4-programma, Volkskrant, 28 desimber 1995 (sjoen op 10 desimber 2009)
  4. CDA-leider verlaat voortijdig tv-uitzending, NRC, 28 desimber 1995 (sjoen op 10 desimber 2009)
  5. HEERMA, Enneüs (1944-1999), Instituut voor Nederlandse Geschiedenis (sjoen op 10 desimber)