Eppie Dam (De Pomp, 5 maart 1953) is in ûnderwizer, dichter en skriuwer út Sleat.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Eppie Dam
skriuwer
Eppie Dam
Eppie Dam
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 maart 1953
berteplak De Pomp
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Roman,
Berneboek,
Poëzy
prizen Rely Jorritsmapriis (1973), (1975), (2015),
Simke Kloostermanpriis (2001),
Gysbert Japicxpriis (2017)
jierren aktyf 1973-No

Dam groeide op yn in agrarysk fermidden en folge de oplieding ta ûnderwizer. Hy wurke earst op Urk en sûnt 1991 yn Balk. Eppie Dam is in tige produktyf skriuwer. Hy skriuwt û.o. romans, berneboeken, kollums en gedichten en hat redakteur west fan Trotwaer. Hy skriuwt njonken it Frysk ek yn it dialekt fan De Pomp, it Pompstersk. Hy wûn in kearmannich de Rely Jorritsmapriis fan it Rely Jorritsma-fûns. Yn 2001 krige er foar Dingeman krijt wjokken de Simke Kloostermanpriis.

Yn tsjerklike fermiddens makke er namme as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn ferskate perioades fan in tsjerklik jier. Hy skreau lieten tegearre mei Hindrik van der Meer dy't de meldijen komponearre. Foar de Stifting It Fryske Boek skreau er yn 1989 it boekewikegeskink, de novelle De tomaat. Dat wie it earste boek sûnt jierren dat spesjaal skreaun wie as in boekewikegeskink. Syn berneboeken wolle net moralisearjend wêze. It giet him mear om ferdraachsumheid, oprjochtens en solidariteit. It giet oer ûnderwerpen dy't de bern fan no dwaande hâlde. De bernebibel Woord voor Woord fan Karel Eykman sette Eppie Dam oer yn it Frysk en ferskynde as Wurd foar Wurd.

Eppie Dam is in de Fryske literatuer hast de iennichste dy't in bulte oer sport en benammen fuotbal skriuwt. Sa skreau er yn 2001 Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske. Ek skreau er in biografy oer Abe Lenstra en yn 2007 ferskynde it libbensferhaal fan Henk Kroes. foar ferskate Fryske tydskriften en kranten hat er kollums skreaun. Oer sport, mar ek oer taal, literatuer, ûnderwiis en natoer. 65 fan dy kollums waarden útjûn ûnder de titel Damstikken.

Bibliografy (karút)

bewurkje seksje
  • De tomaat (Boekewikegeskink nû. 1, 1989)

Ferhalebondels

bewurkje seksje
  • Strie oerdwers en soartgelike ferhalen (1978)
  • De ûnderste stien (1982)
  • It burd fan Fidel Castro (1995)
  • Spinaazje mei spikers en oare ferhalen (1986)
  • Babbelegûchjes (1989)
  • Mei bleate fuotten op bêd en oare ferhalen (1990)
  • Jelma (1991)
  • Achlum Nobusco en de meunsternimmers (aksjeboek foar de Stifting It Fryske Boek, 1992)
  • Wouter en de 24-trui (1993)
  • Tachtich yn 'e bocht (1995)
  • Dingeman krijt wjukken (1999)
  • Pier en de bakkesbal (2001)
  • Mezen meitsje toch gjin rúzje? (bisteferhalen fan Anton Koolhaas. Oersetten en foar bern bewurke, 2005)
  • Lytse man (2007)
  • Abe, in byld fan in spiler (2007)
  • Abe, een beeld van een speler (2007)
  • De elandkop fan omke Romke (2009)
  • Fjouwer dappere mûskes (mei Gerrit Terpstra) (2012)
  • Mei de jierren (1978)
  • Tusken juster en jûn (1983)
  • Goddeleaze tiid (1984)
  • Fjouwer fertikaal (1985)
  • De kaai ûnder de klok (1996)
  • Te lange lêsten, fersen fan Eppie Dam by skilderijen fan Henk Pietersma (1986)
  • De Pomp, Gedichten yn ut Pompster dialekt (1988)
  • Boulân (mei Margryt Poortstra, 1990)
  • De sachte tufkes fan dyn Lister (1993)
  • De hûnsdagen (1995)
  • Leaf en nuddels (1998)
  • Neigeraden it noarden (2004)
  • Blausucht (2009)
  • Mem sjoch boi (2012)
  • Fallend ljocht (2014)
  • Omstreken (2020)

Liturgyen en lieten

bewurkje seksje
  • Wat in gelok (bernebibellieten, mei Folkert Verbeek, 1983)
  • Wat in gelok 2 (bernebibellieten, ( mei Folkert Verbeek en Margryt Poortstra, 1990)
  • Eén zwaluw maakt zomer'(1993)
  • Een kinderlied voor de wereld (1994)
  • Komen als geroepen (1994)
  • Hoe sille wy fan frede sjonge? (1994)
  • Uit hetzelfde hout gesneden (1995)
  • Ik zie, ik zie wat jij ook ziet (1996)
  • Hannah en de omgekeerde wereld (1997)
  • Minsken fan 'e dei (1998)
  • Hoe zullen wij van vrede zingen? (út it Frysk oerset troch Jan Popkema, 1999)
  • De mantel van geefdoor, (1999)
  • Weg van de psalmen (2000)
  • Clamantis en de amandelboom (2003)
  • De keunst fan it libben (2006)
  • Wurden fan de berch (2008) (Mei muzyk fan Hindrik van der Meer)
  • Johann Sebastian Bach, Matteuspassy (2008) (oerset út it Nederlânsk)
  • Wylst de wrâld fan wille skattert (2010) (muzyk: Jan de Jong)
  • Damstikken, in kar út de kollums fan Eppie Dam (1997)
  • Foppe: Portret fan in bysûnder gewoan minske / Foppe: Portret van een bijzonder gewoon mens (2001)
  • De stayer. De weg van Henk Kroes (2007)
  • De skoskerinner. De wei fan Henk Kroes (2007)

Keppelingen om utens

bewurkje seksje