Ernst fan Donia
(Trochferwiisd fan Ernst Harinxma fan Donia)
Ernst fan Donia († 1634) wie de twadde soan fan Keimpe fan Donia.
Neidat syn heit it amt oerjûn hie, waard hy yn maart 1616 grytman fan Ljouwerteradiel. Yn 1617 en 1619 komt hy foar as lid fan de Steaten fan Fryslân. By de begraffenis fan de steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau folge er it lyk as folmacht op de lândei foar Eastergoa. Fierder wie er kommitearde fan de Admiraliteit yn Hollân en hy skynt yn 1634 ferstoarn te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|