Etiopyske kalinder

(Trochferwiisd fan Ethiopyske kalinder)

De Etiopyske kalinder is de wichtichste kalinder yn Etioopje en is allyk oan it liturgysk jier fan de Eritrees-ortodokse Tsjerke, dêr't er de Ge'ez kalinder hjit. It systeem dat de kalinder brûkt is fan de âldere Koptyske kalinder, dy't op de gâns âldere Egyptyske kalinder basearre is. Lykas mei de Juliaanske kalinder hat de Etiopyske kalinder alle fjouwer jier in deimannich tefolle en it jier begjint op 29 augustus of 30 augustus neffens de Juliaanske kalinder.

Lykas mei de Koptische kalinder hat de Etiopyske kalinder tolve moannen dy't tritich dagen hawwe mei fiif as seis epagomenale dagen (wurdt faak de trettjinde moanne neamd). De moannen begjinne op deselde dagen as de Kopyske kalinder, mar mei oare nammen, dy't yn it Ge'ez binne. De seisde epagomenale dei wurdt alle fjouwer jier tafoege op 29 augustus fan de Juliaanske kalinder, seis moannen foar de Juliaanske skrikkeldei. En sa is de earste dei fan it Etiopyske jier, 1 Mäskäräm, foar de jierren tusken 1901 en 2099 op 11 septimber (Gregoariaanske kalinder), mar falt op 12 septimber (Greg.), yn de jierren foar in Gregoariaanske schrikkeljier.