Europeesk kampioenskip fuotbal
It Europeesk kampioenskip fuotbal, koartwei EK fuotbal, is it Europeesk kampioenskip (EK) foar de sport fuotbal dat om de fjouwer jier hâlden wurdt. It is krekt as foar de EKs foar oare sporten in toernoai tusken Europeeske lanneteams. Troch middel fan foarrondes pleatse lannen harren, dêrnei wurdt der yn in moanne tiid bepaald hokker lanneteam it bêste is fan Europa. De organisaasje is yn hannen fan de UEFA, it Europeesk fuotbalbûn.