Fan Underen Op

(Trochferwiisd fan Fan Ûnderen Op)

Fan Underen Op wie in Fryske aksjegroep en feriening, dy't aktyf wieyn de Súdwesthoeke. Harren bekendste stânpunt wie dat it draachflak foar de gemeentlike weryndieling, dy't late ta it ûntstean fan Súdwest-Fryslân, ûnder de befolking ûntbruts.

De aksjegroep operearre út Koudum wei en waard benammen bekend troch syn fûle striid tsjin de gemeentlike weryndieling fan de Súdwesthoeke. De groep sei bang te wêzen dat de demokrasy yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân yn gefaar komd wie troch de wize fan beneaming fan de earste boargemaster, Haijo Apotheker. Hjirop waard oanjefte dien tsjin alle boargemasters en riedsleden fan de eardere gemeenten. Dy waarden beskuldige fan meineed. De boargemaster en riedsleden hiene ûnder eed ferklearre dat der genôch draachflak wie foar de weryndieling, mar neffens Fan Ûnderen Op wie dat net sa. De aksjegroep fûn boppedat dat de gemeenten Nijefurd, Wûnseradiel en Gaasterlân-Sleat fúzjearje moatte soenen, ynstee fan de gemeenten dy't úteinlik mei-inoar fúzjearren. Dêrta hie in referindum hâlden wurde moatte. De beswieren waarden lykwols ôfwiisd.

Fan Underen Op gie letter op yn de lokale politike partij Totaal Lokaal. Fraksjefoarsitter Klaas Jan Semplonius kaam út Fan Ûnderen Op-fermiddens. Dêrnjonken dienen in tal bestjoersleden fan Fan Underen Op mei oan de Gemeenteriedsferkiezings 2010 op de list fan Verenigd Links - Feriene Lofts.

Bekende leden bewurkje seksje