Fanfare

(Trochferwiisd fan Fanfare (orkest))

In fanfare is in muzykensemble dat bestiet út koperblazers, houtblazers en slachwurkers. Fanfares binne foaral tipysk foar Nederlân en België. Fan âlds is de fanfare bekend as it orkest dat al spyljend op de maat fan de muzyk troch de strjitten fan in plak giet by feestlike oangelegenheden. Hjoed-de-dei (2007) binne guon fanfare-orkesten lykwols útgroeid ta folwoeksen konsertorkesten. Inkeld wurdt in fanfare yn ien azem neamd mei in harmonyorkest. Dat lêste orkest is lykwols folle grutter kwa besetting, benammen as it om de houtblazers giet. In brassband is dan wer in orkest mei allinnich koperblazers. Yn de muzykopliedings wurde de trije meast oantsjut as HaFaBra. Nederlân hat mear as 2.000 fanfare- en harmonyorkesten. Bert Haanstra makke yn 1958 in film: Fanfare (film).

Skaaimerk fan in fanfare is dat der in soad bugels yn spylje. In bugel is by it grutte publyk in wat ûnbekend ynstrumint mei in relatyf sêfte, waarme klank. De bugel liket yn earste oansjen in soad op de trompet, mar in trompet hat in skerpere, hurdere, heldere klank. De útfining fan de bugel wurdt gauris taskreaun oan Adolphe Sax, ek de útfiner fan de saksofoan.

Ut syn oarsprong wei hat de fanfare him yn flot tempo ûntjûn ta in orkestfoarm mei in soad mooglikheden dêr't ûnderwilens gâns orizjinele muzyk foar skreaun wurdt. Inkelde bekende komponisten binne Rob Goorhuis, Jan Van der Roost, Norbert Nozy en Henk Badings.

By it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade dat ien kear yn de fjouwer jier holden wurd, wurde nijste ûntjouwings op it mêd fan komposysjes toand.

Besetting bewurkje seksje

Koperblazers:

  • Petit-bugle: Eb-sopraanbugel. Wurdt meast spile op in Es-kornet of inkeld in Es-trompet
  • Bugel (solo, 1,2,3)
  • Trompet / kornet (1,2,3 of 1,2/1,2)
  • Hoarn (1,2,3 of 1-3,2-4) (althoarn, stellahoarn of F-hoarn)
  • Tromboane (1,2,3) (Skotromboane of fentyltromboane, eventueel bastromboane foar partij 3)
  • Bariton / Euphonium
  • (Bas)Tuba's (Eb, Bb)

Houtblazers:

Slachwurk en perkusje:

Opsjoneel:

  • Faandrich