Feartsjinst Starum-Inkhuzen

(Trochferwiisd fan Feartsjinst Inkhuizen - Starum)

De feartsjinst Starum - Inkhuzen is de sûnt 1886 besteande feartsjinst tusken Starum en Inkhuzen oer de eartiidske Sudersee, no de Iselmar. De rederij V&O fart tsjintwurdich mei it skip "MS Bep Glasius".

In reddingsboei fan de R. Van Hasselt
Fearboat Groningen yn it iis foar Starum, 1920
SS C. Bosman
SS W. F. v.d. Wijck, 1930

Feartsjinst bewurkje seksje

De feartsjinst kin no sjoen wurde as ferbining tusken de treinen dy't oankomme yn de stasjons fan Starum en Inkhuzen. Troch dizze fearboat te brûken hoecht men, as men mei it iepenbier ferfier reizget, net om te riden fia Amsterdam, Amersfoart en Swol. De fearboat tsjinnet sa as ferbining tusken it spoar fan Ljouwert nei Starum en it spoar fan Inkhuzen nei Saandam. De tsjinst fart allinnich fan april oant en mei oktober. Fan maaie oant en mei augustus binne der alle dagen twa of trije ôffearten per rjochting; yn de oare moannen wurdt der net elke dei fearn. De oerfeart duorre sawat oardel oere.

Skiednis bewurkje seksje

Passagierstsjinst bewurkje seksje

De geregelde boattsjinst, dy't nau oansluet op de treintsjinsten yn Starum en Inkhuzen, waard fan de iepening op 15 july 1886 ôf oant 1 jannewaris 1938 foar rekken en risiko fan de HSM troch rederij C. Bosman útfierd. Tusken 1 jannewaris 1938 en 26 maaie 1963 fierde J.G. Koppe's Skipsagintuer N.V. de tsjinst út foar rekken en risiko fan de N.V. Nederlânske Spoarwegen.

Nei 1915 waarden twa nije passagiersskippen, de ss C. Bosman en de ss R. van Hasselt yn tsjinst naam. De 'Van Hasselt' wie ferneamd nei de âld-direkteur fan de HSM dy't it inisjatyf naam ta de boatferbining.

It Nederlânsk Spoarweimuseum yn Utert hat fan de sloopte R. van Hasselt in prachtich model, in orizjinele reddingsboei (sjoch foto) en in kompas yn har kolleksje. De C. Bosman hat lang yn gebrûk west as fêstlizzend opliedingsskip, mar der binne no plannen om it steamskip wer as fearboat yn 'e feart te bringjen.

Spoarpont foar frachtwagons bewurkje seksje

Fan de iepening fan dizze boattsjinst ôf, op 15 july 1886 oant 1 april 1936 hat op dizze ferbining in spoarpont fearn, dy't frachtwagons meinimme koe.

Op 22 jannewaris 1900 fear de stoompont "Stavoren". Yn 1902 waard ek de "Enkhuizen II" yn tsjinst nommen; yn april 1909 folge de "Leeuwarden". Om 1910 wienen der alle dagen fiif ôffearten; de oertocht duorre in oere en fjirtich minuten.

Elke pont koe tsien wagons mei in totaal gewicht fan 150 ton ferfiere, dy't mei help fan in 30 meter lange wein oer in knierjende brêge op de pont treaun waarden, sadat de lokomotyf op de wâl bliuwe koe. De twa parallelle spoaren op it dek slueten yn beide havens oan op twa spoaren op 'e wâl.

Keppeling om utens bewurkje seksje