Feiko Mintjes (It Hearrenfean, 30 juny 1965) is in Fryske keunstner út Harns. Syn wurk bestiet út skilderjen, tekenjen en yllustrearjen.

Tusken 1983 en 1985 gie Mintjes nei de Keunstakademy yn Kampen, dêrnei nei de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utert. Hy studearre yn 1990 ôf oan de Rietveld Akademy yn Amsterdam. Sa no en dan is er (gast)dosint tekenjen.

Syn wurk bestiet út portretten, tekeningen, sketsen dy't ek yn tydskriften publisearre wurde. Soks ek yn de foarm fan logo's en posters. Syn technyske tekenwurk bestiet út biologyske tekeningen, kartografy, edukatyf en hantliedingen.

Keppeling om utens bewurkje seksje