Feite Faber (Nij Beets, 19 febrewaris 1923It Hearrenfean, 7 april 2010) wie in Nederlânsk politikus, fan Frysk komôf, fan de Kristlik-Histoaryske Uny en letter fan it Kristen-Demokratysk Appèl.

Libben en wurk bewurkje seksje

Rillegau nei syn berte ferhuze de hûshâlding nei Gau dêr't syn heit beneamd wie ta haad fan de herfoarme legere skoalle. Faber folge nei de ulo in oplieding ta learling-skipwurktúchkundige dêr't er yn 1942 mei klear wie. Omdat er yn dat berop gjin baan fine koe gie er oan 't wurk by de gemeentesekretary fan Wymbritseradiel en yn 1946 makke er de oerstap nei de gemeentesekretary fan Achtkarspelen. Ein 1947 waard er adjunkt-kommys by de gemeente Barradiel dêr't er fia kommys yn 1954 opklom ta haadkommys. Yn 1957 waard er dêr gemeentesekretaris as opfolger fan Pieter Vries dy't boargemaster fan Goudswaard, Nieuw-Beijerland en Piershil wurden wie. Yn juny 1966 waard ek Faber beneamd ta boargemaster, nammentlik fan Lemsterlân. Yn 1979 waard er dêrneist waarnimmend boargemaster fan Sleat wat er bliuwe soe oant dy gemeente yn jannewaris 1984 opgie yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. Trije moannen letter gie er om reden fan sûnensproblemen betiid mei pinsjoen wêrnei't er nei It Hearrenfean ferhuze.
Dêr stoar Faber yn 2010 yn de âldens fan 87 jier.