Haadmenu iepenje
Dostojevski yn 1879
Dostojevski (lofts) en de Kazachstaanke gelearde Shokan Walikhanuli yn 1859

Fjodor Michajlovitsj Dostojevski (Russysk: Фёдор Михайлович Достоевский) (Moskou, 11 novimber 1821/30 oktoberSint-Petersburch, 9 febrewaris 1881/28 jannewaris) wie in Russysk romanskriuwer en publisist. Hy is ien fan de bekendste auteurs út de Russyske literatuer. Hy wurdt ta de saneamde Realistyske Skoalle yn Ruslân rekkene, hoewol't syn wurk him fan oare realisten ûnderskiedet troch it wiisgearich gehalte en de oerhearskjende dialoochfoarm. Dostojevski liet in mânsk oeuvre nei.

Hy waard ûnder oaren ferneamd mei syn romans De bruorren Karamazov, Misdie en straf en De idioat. Dostojevski skreau yn in typyske hastige styl, mei in protte klam (emfaze) en herhellings. In soad fan syn wichtige persoanaazjes lije en wurde deltreaun fanwegen harren hertstocht. Dostojevski hie te lijen fan epilepsy. Nei eigen sizzen hat dat fan grutte ynfloed op syn wurk west.

Ynhâld

BibliografyBewurkje

Romans en novellenBewurkje

 
Grêfmonumint fan Dostojevski yn Sint-Petersburch (Tichvin-hôf by it Aleksander Nevski-kleaster)

Oar wurkBewurkje

  • Brieven
  • Een roman in njoggen brieven
  • Menear Prochartsjin
  • De hospita
  • Polzoenkov
  • In skruten hert
  • In earlike dief
  • It krystfeest en de brulloft
  • De frou fan in oar en de man ûnder it bêd
  • Wyte nachten
  • Njetotsjka Njezvanova
  • De lytse helt
  • Omke's dream
  • In aaklike skiednis
  • Winterske opmerkings oer simmerske yndrukken
  • De krokodil

Fierder lêzeBewurkje

  • Dr. E. Waegemans - Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Poesjkin oant Soltsjenitsjin, 1988.
  • Karel van het Reve - Geschiedenis van de Russische literatuur, fan Vladimir de Hillige oant Anton Tsjechov, 1985.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje