Ferkrêfting yn it leger

Ferkrêfting yn it leger, of sekuerder: ferkrêfting yn 'e striidkrêften, is in foarm fan ferkrêfting, wêrby't in lid fan 'e striidkrêften troch ien of mear oare leden fan dyselde striidkrêften mei geweld of op in oare manear tsjin har of syn wil twongen wurdt ta seksuële mienskip. Ferkrêfting yn it leger komt yn alle lannen mei in steand leger foar, en moat net betize wurde mei oarlochsferkrêfting, wêrby't militêren of oaren har ûnder in oarloch, in wapene konflikt of in militêre besetting skuldich meitsje oan seksueel misbrûk fan leden fan 'e tsjinpartij of de boargerbefolking. Oars as by oarlochsferkrêfting hearre by ferkrêfting yn it leger de dieders en de slachtoffers ta deselde kant. Boppedat komt it yn fredestiid likegoed foar. It slachtoffer kin sawol in frou as in man wêze.

De striidkrêften liene har fanwegen harren strikte hierargyske opbou by útstek foar machtsmisbrûk (wêrûnder ek seksueel misbrûk). Ferkrêfting kin ôftwongen wurde troch fysyk geweld, drigeminten oer negative gefolgen as it slachtoffer der net oan tajout, de ymplikaasje fan in promoasje, ûnthjitten oer in begeunstige behanneling of simpelwei troch in befel. Hoewol't sa'n befel fansels net rjochtsjildich wêze kin, is it mooglik dat in leger pleatste militêr yn in sfear fan yntimidaasje dochs gjin oare útwei sjocht as om deroan ta te jaan. It is fansels ek mooglik dat de ferkrêfting plakfynt nei't it slachtoffer te slim ûnder ynfloed fan alkohol rekke (of brocht) is, sadat sy/hy har/him net mear fersette kin. In bykommend probleem yn 'e striidkrêften is dat der foar it slachtoffer in drompel yn it systeem ynboud is om har of syn rjocht te heljen. Men kin net gewoan nei de plysje ta gean om oanjefte te dwaan, want de striidkrêften hâlde de ferfolging fan harren personeel yn eigen hân. Dat hat faak fan gefolgen dat ferkrêfting en oar seksueel misbrûk yn 'e dôfpôt ferdwynt. In protte slachtoffers hâlde ferkrêftings yn it leger dêrom mar stil.

Yn 'e Amerikaanske striidkrêften is ferkrêfting skearing en ynslach. Neffens in offisjele skatting fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje fine der yn 'e Amerikaanske striidkrêften jiers 19.000 ferkrêftings en seksuële oantaastings plak, al waard der yn 2013 troch mar 1.108 militêren in oanklacht foar sa'n fergryp yntsjinne. Fan dy 1.108 saken waarden mar 575 serieuzernôch achte om ûndersocht te wurden, en dêrfan kamen net mear as 96 foar de kriichsrie. Ut in oar ûndersyk kaam nei foarren dat yn 'e Amerikaanske Loftmacht ien op 'e fiif froulju en ien op 'e fyftjin manlju ferkrêfte of seksueel oantaast is troch oar loftmachtpersoneel. Ferkrêfting yn it leger komt yn 'e Feriene Steaten sa'n protte foar, dat men der in behimmeljend eufemisme foar betocht hat: military sexual trauma, ôfkoarte ta MST. Om 'e safolle tiid komt der in foarbyld fan grutskalich misbrûk yn 'e Amerikaanske striidkrêften nei bûten ta, lykas it Tailhook-skandaal yn 1991, it Aberdeen-skandaal yn 1996 en it Ferkrêftingsskandaal op de Amerikaanske Loftmachtakademy yn 2003.

Mar ek oare lannen hawwe swierrichheden mei ferkrêfting yn 'e striidkrêften. Yn Nederlân, bygelyks, is tusken 2008 en 2013 ferskate kearen de marine negatyf yn 'e publisiteit kommen, fanwegen ferkrêftings, seksueel misbrûk en algemien losslein hâlden en dragen fan manlik marinepersoneel op ferskate fregatten en oare skippen.

Sjoch ek bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.