Ferneamen is yn Fryslân it gebrûk dêr't de foarnammen by yn de famylje bewarre bliuwe. De nammen meie eins net feroare wurde. It komt tsjintwurdich hieltyd minder foar as eartiids.

Regels by it ferneamen:

  • De earste soan - syn pake fan heitekant (stamhâlder)
  • It earstberne famke - har beppe fan memmekant.
  • De twadde soan - syn pake fan memmekant.
  • In twadde famke - har beppe fan heitekant

Nei de âlden komme de bruorren en susters oan bar om ferneamd te wurden.

As in bern stoar gie de namme faak oer op in letter broerke of suske. Yn in soad famyljes is it in foarm fan affeksje mei de âlden, mar it kin ek as in rjocht opfetten wurde. It net ferneamen koe in soad spul jaan yn de famylje. Ein 20e iuw waard it ferneamen hieltyd minder dien.