Fiktoaria (Austraalje)

Fiktoaria (Ingelsk: Victoria) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It omfiemet de súdeastlike hoeke fan it lân. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Melbourne. Mei 3,0% fan it nasjonaal grûngebiet is Fiktoaria de lytste Australyske steat dy't op it fêstelân leit (inkeld de eilânsteat Tasmaanje is noch lytser). Lykwols hat Fiktoaria, neffens gegevens út 2013, nei Nij-Súd-Wales it grutste ynwennertal fan alle Australyske gewesten: 5,7 miljoen, wat delkomt op 24,8% fan 'e totale Australyske befolking.

Fiktoaria
Victoria
flagge wapen
Ingelsk: Peace and prosperity ("Frede en wolfeart")
lokaasje yn Austraalje
algemien
ôfkoarting VIC
lân Austraalje
status steat
haadstêd Melbourne
grutste stêd Melbourne
sifers
ynwennertal 5.713.000 (2013)
befolkingstichtens 24,5 / km²
oerflak 237.629 km² (ynkl. wetter)
227.416 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC+10
webside www.vic.gov.au

Etymology bewurkje seksje

Krekt as Queenslân is Fiktoaria ferneamd nei de Britske keninginne Fiktoaria, dy't yn 1851 tastimming joech om fan it gebiet in aparte koloanje te meitsjen.

 
Melbourne, de haadstêd fan Fiktoaria.

Geografy bewurkje seksje

Fiktoaria hat in oerflak fan 237.629 km², wêrfan't 227.416 km² út lân bestiet en 10.213 km² út wetter. Dêrmei is it it lytste Australyske gewest op it fêstelân. De steat bestiet út in smelle trijehoek, dy't yn it westen grinzget oan Súd-Austraalje, wylst yn it noarden en noardeasten de rivier de Murray de grins mei Nij-Súd-Wales foarmet (útsein yn it uterste noardeasten, dêr't de grins in rjochte line is tusken de boarne fan 'e Murray en de kust).

Oan 'e súdkant wurdt Fiktoaria beswette troch de see, mei yn it súdwesten de Súdlike Oseaan (al beskôget de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje dat noch as in ûnderdiel fan 'e Yndyske Oseaan), yn it suden de Bass-strjitte, en yn it súdeasten de Tasmansee, dy't ta de Stille Oseaan rekkene wurdt. De offisjele grins tusken Fiktoaria en Tasmaanje, dat oare kant de Bass-strjitte leit, is fêststeld as in rjochte line fan west nei east op 39°12′ suderbreedte, wat makket dat de beide steaten de koartste lângrins fan Austraalje diele op Boundary Islet ("Grinseilantsje"), midden yn 'e Bass-strjitte, dy't 85 m lang is.

It tichtst befolke diel fan Fiktoaria is de súdkust, en dan fral de krite om 'e Port Philipbaai hinne, yn it middensuden, dêr't de stêdekloft fan Melbourne leit. It súdeasten fan 'e steat wurdt foarme troch de regio Gippslân, dêr't in fochtich seeklimaat hearsket, wylst it westen en noardwesten opmakke wurde troch útstrutsen stoffige steppen, dy't trochsnien wurde troch ferskate, mei yrrigaasjegebieten omjûne rivieren, wêrfan't de Murray fierwei de grutste is. Yn it easten fan Fiktoaria riizje de winterdeis mei snie oerdutsen Australyske Alpen op, mei as heechste punt de Mount Bogong, fan 1.986 m.

Skiednis bewurkje seksje

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje troch de Jeropeänen waard Fiktoaria bewenne troch in grut tal Aboriginal-folken, dy't mei-inoar bekend stiene as de Koery (Koori). Yn 1770 naam de Britske ûntdekkingsreizger James Cook it hiele eastlike diel fan it Australyske kontinint út namme fan 'e Britske Kroan yn besit. Doe't yn 1788 oan 'e eastkust de koloanje Nij-Súd-Wales stifte waard, kaam it tsjintwurdige Fiktoaria dêrta te hearren.

 
De "Tolve Apostels", in tolvetal rotspylders foar de Fiktoriaanske kust.

Yn 1803 waard te Sullivan Bay, oan 'e Port Phillipbaai, de earste Britske delsetting op Fiktoriaansk grûngebiet stifte troch de Nijsúdwelske luitenant-gûverneur David Collins. Dat wie in strafkoloanje, dy't yn 't earstoan út 402 minsken bestie: 307 finzenen mei 17 froulju en 7 bern, 50 militêren mei 5 froulju en 1 bern, en 5 oerheidsfunksjonarissen. Net dat de Britten ferlet hiene fan in nije strafkoloanje, mar de Frânsen hiene yn it gebiet oan it omsneupen west, en it regear yn Londen wie bang dat dy in koloanje op 'e Australyske súdeastkust stiftsje soene as der net gau in Britske oanwêzigens yn dy kontrei fêstige waard.

 
It foarhôf fan 'e Steatsbibleteek fan Fikoaria, yn Melbourne.

Fan 1826 ôf waard de koloanje útwreide mei in stikmannich oare delsettings, earst Corinella (1826), doe Portland (1834), en doe Melbourne (1835). Yn 1851 waard Fiktoaria bestjoerlik losmakke fan Nij-Súd-Wales, sadat it in aparte koloanje waard. Dat barde op 1 july fan dat jier, mar luttele dagen foar't der goud ûntdutsen waard by Ballarat, en letter by Bendigo. Dêrnei waard op gâns plakken yn 'e koloanje goud fûn, wat de Fiktoriaanske Goudkoarts feroarsake, ien fan 'e grutste goudkoartsen dy't der ea west hawwe. It goud út it goudfjild by Raspberry Creek wie fan tige hege kwaliteit. De hiele beek bylâns waarden doe goudsikerskampen stifte; de útbuorren A1 Mine Settlement tanket syn namme oan dizze perioade.

Yn tsien jier tiid fersânfâldige de befolking fan Fiktoaria fan 76.000 ta 540.000. De lju kamen fan oer de hiele wrâld op it goud ta, mar fral út Ierlân en Sina wei. Fral yn Bendigo en omkriten is it erfskip fan 'e Sineeske goudsikers sels hjoed de dei noch dúdlik te merken. Hoewol't der wol deeglik rasisme tsjin harren bestie, naam dat net de foarmen (fan wiere pogroms) oan dêr't de Sinezen yn Nij-Súd-Wales, it Kanadeeske Britsk-Kolumbia en ferskate dielen fan 'e Feriene Steaten wol oan bleatstiene. Troch de ûnhygiënyske tastannen yn 'e goudfjilden koste yn 1854 in útbraak fan 'e tyfus yn 'e Bucklanddelling oan mear as 1.000 goudsikers it libben.

 
De skyline fan 'e haadstêd Melbourne.

Datselde jiers briek der te Ballarat in wapene opstân út tsjin it regear fan Fiktoaria, dat hege mynboubelestings oplein hie. De rebûlje waard yn 'e kym smoard mei de ynset fan Britske troepen, mar de ûnfrede late ta in bestjoerlike herfoarming fan 'e koloanje. As ûnderdiel dêrfan krige Fiktoaria yn 1855 selsbestjoer. Party fan 'e lieders fan 'e opskuor waarden neitiid yn it koloniale parlemint keazen.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw hie Fiktoaria in tige proteksjonistyske ekonomy. Der wiene dûaneposten oan 'e rivier de Murray, dêr't hannelswaren út Nij-Súd-Wales belêstge waarden mei hege ymportaksynzen. It wie dan ek fral it op frijhannel rjochte Nij-Súd-Wales dat de driuwende krêft wie efter de foarming fan 'e Australyske Federaasje, dy't yn 1901 in feit waard. As resultaat fan 'e goudkoarts wie Melbourne tsjin dy tiid it finansjele sintrum fan Australaazje wurden. Fan 1901 oant 1913 wie it de haadstêd fan Austraalje, wylst it regear der noch oant 1927 ta syn sit hold, mei't de nije federale haadstêd, Canberra, oant dy tiid noch in wurk yn útfiering wie.

 
It Parliament House, de sit fan it steatsparlemint fan Fiktoaria, yn 'e haadstêd Melbourne. It gebou datearret út 1856.

Bestjoer bewurkje seksje

Fiktoaria hat in twakeamerich steatsparlemint mei in Wetjaande Gearkomste (Legislative Assembly) of legerhûs fan 88 sitten en in Wetjaande Rie (Legislative Council) of hegerhûs fan 40 sitten (oant 2006 hie it hegerhûs 44 sitten). De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (constituency), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). De steat wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint.

It steatsregear hat sizzenskip oer alle saken dy't ûnder de Australyske grûnwet net spesifyk oan it federale regear tawiisd binne, en steatsrjochtlik is it foar it federale regear tige dreech om yn Fiktoriaanske saken yn te gripen. Lykwols wurdt der dochs in frij grutte ynfloed útoefene op 'e gong fan saken yn 'e steat, om't it ynjen fan belestings en de ferdieling fan it ine belestingjild oer de ûnderskate steaten en territoaria in federaal foech is, en it federale regear dus de hân op 'e knip hâlde kin as it steatsregear wat dwaan soe dat der alhiel by troch wie. Yn it federale Australyske parlemint yn Canberra wurdt Fiktoaria yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 12 fan 76 sitten (15,8%), en yn it Hûs fan Offurdigen troch 37 fan 150 sitten (24,7%).

 
De nukleêre enerzjysintrale fan Yallourn.

Ekonomy bewurkje seksje

De ekonomy fan Fiktoaria is de op ien nei grutste fan Austraalje, nei dy fan Nij-Súd-Wales. De measte opbringst en de grutste wurkgelegenheid hat de tsjinstesektor, mei as wichtichste ûnderdielen it bank- en fersekeringswêzen, de ûnreplik goedmerk, it ûnderwiis en de sûnenssoarch.

Ek de lânbou nimt noch altyd in wichtich plak yn, mei as wichtichste produkten wol, fleisfee, weet, koarn, hjouwer, apels, tomaten en griente. Fierders is de steat ek it wichtichste suvelgebiet fan Austraalje, dêr't 60% fan alle Australyske melkkij holden wurdt. Oan 'e kust is de fiskerij en de fiskkwekerij fan grut belang, wylst Melbourne de drokste kontenerhaven fan Austraalje hat.

Op it mêd fan 'e yndustry binne fral de frisdrankproduksje en de petrogemyske en gemyske yndustry fan belang. Goud wurdt der hjoed de dei amper mear fûn yn Fiktoaria, mar mynbou is der noch altyd, allinne wurdt der no benammentlik nei brúnkoal dold en nei oalje en gas boarre.

 
In cricketwedstryd yn it Melbourne Cricket Ground-stadion.

Ta einbeslút moat ek noch it toerisme neamd wurde, dat sûnt de 1960-er jierren opkommen is, en noch altyd yn wichtigens tanimt. Dé toeristyske trekpleister fan Fiktoaria is de haadstêd Melbourne, it ekonomyske en kulturele sintrum fan 'e dielsteat, mei û.m. it Melbourne Museum, de Melbourne Zoo, it Melbourne Akwarium, it Crown Casino, de Steatsbibleteek fan Fiktoaria en de Melbourne Cricket Ground, it pleatslike cricketstadion dêr't behalven withoefolle cricketwedstriden ek de Olympyske Spullen fan 1956 en de Gemenebestspullen fan 2006 holden binne. Oare toeristyske bestimmings yn Fiktoaria binne de súdkust, mei syn strannen en dramatyske rotsformaasjes; de eardere goudfjilden, mei histoaryske stêden as Ballarat en Bendigo; de Gippslânske marren; de wyngerds fan 'e Yarradelling; en de skypystes fan 'e Australyske Alpen.

Demografy bewurkje seksje

Neffens gegevens út 2013 hie Fiktoaria doe 5.713.000 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 24,5 minsken de km². Fan dy befolking wennet likernôch 70% yn 'e haadstêd Melbourne, dat nei Sydney, yn Nij-Súd-Wales, de grutste stêd fan Austraalje is. Guon oare wichtige stedske sintra binne Geelong, Ballarat, Bendigo, Shepparton, Mildura, Warrnambool en Wodonga.

 
De saneamde Island Archway, in rotsformaasje oan 'e Fiktoriaanske súdkust.

Etnisiteit en taal bewurkje seksje

De oarspronklike Anglo-Keltyske befolking fan Fiktoaria is letter oanfolle mei weach nei weach fan ymmigranten út súdlik en eastlik Jeropa, Súdeast-Aazje en koartby út 'e Hoarn fan Afrika en it Midden-Easten. Fan alle ynwenners bestie neffens gegevens fan 'e Australyske folkstelling fan 2011 sa'n 28% út ymmigranten. De grutte mearderheid fan 'e Fiktoriaanske befolking wie fan Jeropeesk komôf, mei as grutste etnyske groep de Ingelsen (23,5%), folge troch de Angelsaksyske Australiërs (23,3%), Ieren (7,6%), Skotten (6,4%) en Italjanen (4,8%). Australyske Aboriginals foarmen mei krapoan 38.000 minsken 0,7% fan 'e Fiktoriaanske befolking. De meast sprutsen talen (njonken it Ingelsk) wiene: it Italjaansk (2,3%), Gryksk (2,2%), Mandarynsk (1,9%), Fjetnameesk (1,6%) en Kantoneesk (1,4%).

Godstsjinst bewurkje seksje

Likernôch 61,1% fan 'e Fiktorianen omskreau himsels yn 2011 as kristlik. De grutste kristlike denominaasje waard foarme troch de roomsen, mei 26,7% fan 'e befolking, folge troch de anglikanen (12,3%), de feriene protestantske Uniting Church in Australia (4,7%) en de eastersk-otterdoksen (4,3%). Ateïsten en agnosten foarmje sa'n 20% fan 'e befolking. De grutste net-kristlike godstsjinst is it boedisme (3,0%), folge troch de islaam (2,7%) en it joadendom (0,8%). De fluchst groeiende religy is it hindoeïsme.

 
Utsicht fan 'e berch de Mount Feathertop.

Klimaat bewurkje seksje

Hoewol't it net botte grut is, hat Fiktoaria in klimaat dat yn 'e ûnderskate dielen fan 'e steat frijwat ferskillend is. Yn it noardwesten hearsket in steppeklimaat mei hjitte simmers, wylst de súdkust in seeklimaat hat mei mylde simmers en koele winters. Yn 'e Australyske Alpen is it noch kâlder, hoewol't inkeld op 'e heechste toppen in heechberchtmeklimaat hearsket. Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 48,8 °C op 7 febrewaris 2009 te Hopetoun, en –11,7 °C op 13 juny 1965 yn Omeo en nochris op 3 july 1970 te Falls Creek. Fiktoaria is nei Tasmaanje de wietste Australyske steat, mei oer it generaal mear as 1.800 mm rein jiers.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
             Austraalje
 
steaten
Fiktoaria | Nij-Súd-Wales | Queenslân | Súd-Austraalje | Tasmaanje | West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium | Jervis Bay Territoarium | Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen | Australysk Antarktysk Territoarium | Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen • Krysteilân) | Heard en de McDonaldeilannen | Koraalsee-eilannen | Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe | Macquarie | Torresstrjitte-eilannen