Filmfestival fan Firginia

It Filmfestival fan Firginia (Ingelsk: Virginia Film Festival) is in filmfestival dat elts jier ein oktober en/of begjin novimber holden wurdt yn 'e stêd Charlottesville, yn 'e Amerikaanske steat Firginia. It evenemint wurdt organisearre troch de doktoraaloplieding foar de skiene keunsten fan 'e Universiteit fan Firginia.

Filmfestival fan Firginia
Virginia Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Firginia
plak Charlottesville
holden yn kampus fan 'e Universiteit
   fan Firginia
tiid fan it jier oktober/novimber
bysûnderheden
soarte evenemint filmfestival
bestean 1988 – no
org. troch Universiteit fan Firginia
offisjele webside
www.virginiafilmfestival.org

Skiednis bewurkje seksje

De earste edysje fan it filmfestival fûn plak yn 1988, doe noch ûnder de namme Festival fan de Amerikaanske Film fan Firginia (Virginia Festival of American Film). De oprjochting fan it evenemint krige formeel de goedkarring fan it Ministearje fan Ekonomyske Untwikkieling fan it steatsregear fan Firginia, en de organisaasje waard opdroegen oan 'e Universiteit fan Firginia. De bedoeling efter de oprjochting fan it festival wie twafâldich: om ekonomyske ûntjouwing oan te fiterjen troch de produksje fan films binnen de grinzen fan 'e steat oan te moedigjen, en om 'e kreätive belangen en ambachten fan 'e Amerikaanske filmyndustry te fermingen mei de yntellektuele helpboarnen fan in nasjonaal heech oansleine universiteit.

Yn 1996 besleat de Universiteit fan Firginia om fan it filmfestival in mear yntegraal ûnderdiel fan it lesprogramma te meitsjen troch it ûnder te bringen by de doktoraaloplieding foar de skiene keunsten. It evenemint krige doe ek syn hjoeddeistige namme, om't de fokus útwreide waard fan inkeld Amerikaanske filmproduksjes nei de ynternasjonale sinema. Fan 1990 oant 2009 hie it Filmfestival fan Firginia elts jier in oar tema, op basis wêrfan't it filmprogram gearstald waard (sjoch ûnder it kopke "tema's"). Fan 2010 ôf waard fan 'e tematyske oanpak ôfstapt om in mear fleksibel programma oan te bieden.

Tema's bewurkje seksje

  • 1990 – Music & the Movies ("muzyk en de films")
  • 1991 – Movies Made in America ("films makke yn 'e Feriene Steaten")
  • 1992 – The Reel South & Other Worlds ("films oer it Amerikaanske Suden en oare wrâlden")
  • 1993 – Film Noir ("films noir")
  • 1994 – Love & Other Obsessions ("leafde en oare obsesjes")
  • 1995 – U.S. & Them ("ús/Feriene Steaten en harren")
  • 1996 – Wild Spaces, Endangered Places ("wylde romte, bedrige plakken")
  • 1997 – Caged! ("fongen")
  • 1998 – Cool ("cool")
  • 1999 – Techno Visions ("fizioenen fan technology")
  • 2000 – Animal Attractions ("bisteftige oantrekkingskrêften/attraksjes")
  • 2001 – Masquerades ("maskeraden")
  • 2002 – Wet ("wiet")
  • 2003 – $$$ ("jild")
  • 2004 – Speed ("faasje")
  • 2005 – In/Justice ("ûn/rjocht")
  • 2006 – Revelations ("iepenbierings")
  • 2007 – Kin Flicks ("films oer famylje")
  • 2008 – Aliens! ("bûtenierdske wêzens/bûtenlanners")
  • 2009 – Funny Business ("nuvere saken")

Gasten bewurkje seksje

Ferskate grutte nammen út 'e Amerikaanske en ynternasjonale filmyndustry hawwe troch de jierren hinne op it Filmfestival fan Firginia te gast west, ûnder wa: Sandra Bullock, Matthew Broderick, Nicolas Cage, Robert Duvall, sir Anthony Hopkins, Gregory Peck, Vanessa Redgrave, Gena Rowlands, Jimmy Stewart en Sigourney Weaver.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.