Filmposter
In filmposter (fan it Ingelske film poster; útspr.: ['fɪlmpo:stər], likernôch: "film-poo-stur") is in poster dy't brûkt wurdt om reklame te meitsjen foar in film. It útgongspunt is dêrby benammen minsken safier te krijen dat se nei in bioskoop geane en derfoar betelje om 'e oangeande film te sjen. It is dêrmei in ûnderdiel fan 'e marketing op it mêd fan films. In filmposter bestiet ornaris út in ôfbylding of in kollaazje fan ôfbyldings, oanfolle mei tekst. De earste poster foar in spesifike film (ynstee fan foar in foarstelling dêr't ferskate films draaid waarden), ferskynde op 26 desimber 1895 yn Parys. It wie reklame foar de fertoaning fan 'e film L'Arroseur Arrosé, fan 'e bruorren Lumière, basearre op in ôfbylding dy't makke wie troch Marcellin Auzolle.
De ôfbylding op filmposters wie foarhinne tekene, almeast yn in reälistyske styl, mar dat rekke geandewei de 1980-er jierren út 'e moade. Tsjintwurdich wurde yn 'e Westerske wrâld foar filmposters frijwol altyd foto's brûkt, hoewol't yn Yndia en guon oare 'nije' filmlannen de keunst fan it tekenjen fan filmposters noch libben holden wurdt. De tekst op in filmposter befettet (yn it grut) de titel fan 'e film, en faak ien of mear slogans, en (yn it lyts) de nammen fan regisseur, produsinten, senarioskriuwer, kameraregisseur, de komponist fan 'e filmmuzyk, oare wichtige makkers en de akteurs dy't de haadrollen fertolkje. Ek de filmstudio wurdt neamd, en fierders faak de datum fanôf wannear't de film yn 'e bioskopen te sjen is.
Filmstudio's litte faak ferskate soarten posters drukke, dy't kwa formaat, ôfbylding en tekst ferskille en bedoeld binne foar ferskate binnenlânske en bûtenlânske merken. Se wurde by de bioskopen dêr't de film draaid meastal sawol binnen- as bûtendoar ophongen. Ek binne se gauris op oare plakken op reklamebuorden te sjen. Yn winkels dy't 'gewoane' posters yn harren assortimint hawwe, binne faak ek filmposters te keap. Deselde ôfbyldings dy't op 'e filmposter steane, wurde ornaris ek brûkt foar de offisjele webside oer de film, foar advertinsjes yn kranten en tydskriften, en foar de omslach fan dvd's, blu-ray-dvd's, soundtrack-albums en (histoarysk) VHS-hier- en keapfideo's. Filmposters binne tsjintwurdich sochte collector's items, dy't, ôfhinklik fan seldsumens, kondysje, keunsthistoaryske wearde en de keunstner dy't de ôfbylding makke, hege bedragen opbringe kinne.
Foarbylden fan filmposters
bewurkje seksje-
De Pânserkruser Potemkin (Ruslân, 1925)
-
Dracula (1931)
-
Hunterwali (Bollywood, 1935)
-
This Gun for Hire (1942)
-
I Was a Teenage Werewolf (1957)
-
Attack of the 50 Foot Woman (1958)
-
The Vikings (1958)
-
Spartacus (1960)
-
A Star Is Born (1976)
-
Location Africa (1987)
-
Deux Nuits Jusqu'au Matin (2015)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|