Haadmenu iepenje

In firoïde is in molekúl dat út in relatyf koart inkelstrings-RNA of inkelstrings-DNA bestiet. Fan dizze lêste binne mar in pear bekend; de measte firoïden besteane út RNA. It kin ferlike wurde mei in firus, mar in firoïde is folle lytser en hat gjin aaiwytmantel. Firoïden kinne har allinnich yn planten fermannichfâldigje. Der binne goed tritich soarten bekend. Firoïden binne ûntdutsen yn 1967 troch de Amerikaan Theodor Diener en binne slim fytopatogeen, it DNA befettet gjin synjalen foar oersetting yn aaiwyt. It earste firoïde dat ûntdutsen waard is ierdappelspindelknolfiroïde (PSTVd).

Firoïden binne sykteferwekkers by planten, lykas ierdappel, tomaat, komkommer en hop.

Firoïden wurde ek keunstmjittich makke foar brûken by genetyske manipulaasje. Under beskate omstannichheden is it mooglik in firus keunstmjitrich te degenerearjen ta in firoïde, dy’t dan allinnich noch út nuckleïnesoer dat himsels fermearderje kin bestiet. In firoïde is dus oars sein in neaken firus. As dizze firoïde mei it oarspronklike firus keunstmjittich fermeardere wurdt ûnder tafoeging fan nukleïnesoeren en aminosoeren, krije de firoïden de oerhân trochdat se harren flotter fermearderje.

Primêre en sekundêre struktuer fan it ierdappelspindelknolfiroïde:

  1   CGGAACUAAA CUCGUGGUUC CUGUGGUUCA CACCUGACCU CCUGAGCAGA AAAGAAAAAA
 61   GAAGGCGGCU CGGAGGAGCG CUUCAGGGAU CCCCGGGGAA ACCUGGAGCG AACUGGCAAA
121   AAAGGACGGU GGGGAGUGCC CAGCGGCCGA CAGGAGUAAU UCCCGCCGAA ACAGGGUUUU
181   CACCCUUCCU UUCUUCGGGU GUCCUUCCUC GCGCCCGCAG GACCACCCCU CGCCCCCUUU
241   GCGCUGUCGC UUCGGCUACU ACCCGGUGGA AACAACUGAA GCUCCCGAGA ACCGCUUUUU
301   CUCUAUCUUA CUUGCUUCGG GGCGAGGGUG UUUAGCCCUU GGAACCGCAG UUGGUUCCU
Fermoedlike sekundêre struktuer fan it ierdappelspindelknolfiroïde

TaksonomyBewurkje