Fjirde Alvestêdetocht

De Fjirde Alvestêdetocht wie de fjirde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 12 febrewaris 1929. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. De winner wie Karst Leemburg út Ljouwert, mei in tiid fan 11 oeren en 9 minuten.

Fjirde Alvestêdetocht
De rûte fan 'e Fjirde Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn)
De rûte fan 'e Fjirde Alvestêdetocht (tsjin 'e klok yn)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 12 febrewaris 1929
evenemint Alvestêdetocht
edysje 4
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Karst Leemburg
winnende tiid 11:09 oeren
tal dielnimmers 98 wedstrydriders
203 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

Tolve jier wachtsjen bewurkje seksje

Mei twa tochten yn fiif jier mocht de Feriening De Fryske Alve Stêden eins net kleie. Nei de Trêde Alvestêdetocht, yn 1917, briek lykwols in rêstiger tiid oan. Tolve jier soe it duorje ear't de tocht wer organisearre wurde koe. Doe't de froast yn 'e winter fan 1928 op 1929 goed trochsette, wie it dan ek net ferwûnderlik dat op 'e nij de Alvestêdekoarts útbriek. It frear dat it ongele, dat net allinnich de Sudersee, mar ek it Waad rekke tichtferzen. Auto's rieden nei de Waadeilannen en werom. In Alvestêdetocht koe net útbliuwe: op 7 febrewaris skreau de Feriening De Fryske Alve Stêden de tocht út foar 12 febrewaris.

 
'De start fan 'e Fjirde Alvestêdetocht op 'e Sudergrêft yn Ljouwert.

Waar bewurkje seksje

It kwik sakke dy tolfde febrewaris nei –18 °C. Dat, kombinearre mei in snijende noardewyn, soarge dat de tocht ien fan 'e swiersten ea waard. Net allinnich yn Fryslân, mar yn hiel noardlik Jeropa hearske strange froast. Yn Berlyn waard –22 °C metten, en yn Moskou –37 °C. Yn Mongoalje soe it sels –57 °C west hawwe.

Wedstryd bewurkje seksje

Foar de wedstryd hiene har 102 riders ynskreaun. Dêrfan lieten fjouwer har troch it barre waar ôfskrikke, sadat der úteinlik 98 út Ljouwert ôfsetten. Fanwegen de kjeld wie der net in protte publyk oan 'e start by de Willemskade, dêr't mar in inkeling him sjen liet. Om 5.18 oere moarns setten de wedstrydriders útein. Lykas by alle iere Alvestêdetochten it gefal wie, waard de rûte tsjin 'e klok yn riden, dus fan Ljouwert earst nei Dokkum.

Daliks nei de start lei Karst Leemburg út Ljouwert foaroan, mar al gau wisten Cor Jongert út Ilpendam en Nico Pronk út Warmenhuzen de kopposysje oer te nimmen. Pronk en Jongert bouden op 'e weromwei oer de Dokkumer Ie in foarsprong op fan 4 minuten op 'e efterfolgersploech, besteande út Uiltje Stienstra, Cathrinus Stienstra, Arie van Beekum en G. Wieberdink.

 
Karst Leemburg komt troch Wâldsein.

Yn Harns waard Leemburg útnûge om by in omke fan sines op 'e kofje. Dy útnûging waard oannomd, want Leemburg lei ommers al 20 minuten efter op 'e koprinners. Dêrnei barde ien fan 'e singelierste foarfallen út 'e Alvestêdeskiednis. Yn Hylpen kaam om 11.00 oere net it duo Pronk en Jongert it earst oan, mar Karst Leemburg. Yn in stik fan 40 km wie in efterstân fan 20 minuten ombûgd ta in foarsprong fan 18 minuten. Leemburg bleau dêrnei de hiele rit foarop riden, mar by Drylts stelde syn foarsprong al net folle mear foar: hy lei doe noch mar 3 minuten foar op Jongert.

Sa stil as it by de start west hie, sa fol wie it by de finish yn Ljouwert. It seach swart fan 'e minsken op 'e Willemskade, dêr't de riders ek wer binnenkomme soene. It publyk wie optein. Der lei net allinnich in Fries foarop, mar sels in Ljouwerter! Leemburg, dy't fannijs in sprint ynsetten hie doe't er hearde hoe ticht syn efterfolgers by him wiene, wist wer in foarsprong op te bouwen. Ferskate Friezen lieten Leemburg op De Swette in stik efter harren oan ride om him wat út 'e wyn te hâlden. Yn dy tiid seach nimmen dêr frjemd fan op. Soks waard rekkene ta it thúsfoardiel.

Yn in tiid fan 11 oeren en 9 minuten kaam Leemburg oer de einstreek. Doe't it Alvestêdebestjoer op him ta kaam om 'e winner te lokwinskjen, spriek dy lykwols de wurden: "Earst nei myn âlde mem ta!" Yn it Earste Fryske Redensmuseum yn Hylpen is noch in bysûndere rariteit fan 'e Fjirde Alvetêdetocht te sjen: de ôfferzen tean fan Karst Leemburg. Op sterk wetter stiet dy dêr te pronk yn in fitrinekast.

Fan 'e oare wedstrydriders wisten mar 11 binnen twa oeren nei de winner oer einstreek te kommen; de oaren waarden dêrom neffens de jildende regels fan 'e tocht diskwalifisearre. Cor Jongert waard twadde mei in tiid fan 11 oeren en 17 minuten, wylst Sjouke Westra út Warmenhuzen op 11 oeren en 48 minuten trêde waard. Fan ien wedstrydrider is bekend dat er by Dokkum holp om in famke út in brânend hûs te rêden. Dêrnei fûn er syn efterstân te grut om noch fierder te riden.

Utslach bewurkje seksje

 
Karst Leemburg, de winner fan 'e Fjirde Alvestêdetocht.
posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Karst Leemburg Ljouwert 11:09
2 Cor Jongert Ilpendam 11:17
3 Sjouke Westra Warmenhuzen 11:48
4 Fokke van der Heide Ljouwert 11:52
5 Sipke Dijkstra Koarnjum 12:38
6 W. Meyerink Elden 12:38
7 S. Kooistra Wergea 12:47
8 Durk van der Duim Wergea 12:52
9 Uiltje Stienstra Ljouwert 12:57
10 Cathrinus Stienstra Ljouwert 12:57

Toertocht bewurkje seksje

By de Earste Alvestêdetocht yn 1909 en de Twadde Alvestêdetocht yn 1912 kamen in protte riders net opdaagjen om't it teiwaar wie en se de sterkte fan it iis net fertrouden. By de start fan 'e Fjirde Alvestêdetocht kamen minsken lykwols net opdaagjen om't it te kâld wie. Fan 'e 268 lju dy't har foar de toertocht ynskreaun hiene, liet 65 om 'e kjeld ferstek gean. Sadwaande giene der mar 203 toerriders fan start. Fan harren hellen mar 103 de finish. Der die diskear ek in bûtenlanner mei, in Süssdorf út 'e Feriene Steaten. Mar dy ried de tocht net út.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht