Fjoerboetsdún
It Fjoerboetsdún is in 45 meter hege dún op it Fryske waadeilân Flylân. It dún leit flakby it ienige doarp op it eilân East-Flylân en der boppe-op stiet de fjoertoer.
Namme
bewurkje seksjeIt Fjoerboetsdún is nei alle gedachten ûntstien yn de 18e iuw doe't it doarp te lijen hie fan grutte sânferstowings. Om te soargen dat it doarp net oerstood reitsje soe, waard it sân ferankere mei fegetaasje. Dêrtroch waakste it dún stadichoan oant wol 45 meter heech en waard it heechste dún fan it eilân en it heechste plak fan de provinsje Fryslân.
Fjoertoer
bewurkje seksjeTroch syn hichte krige it dún ek in wichtige betsjutting foar de skipfeart as beaken. Nachts baarnden der fjoeren, dêr't koalen as brânstof foar brûkt waarden. Dy koalen waarden opslein yn de fjoerboet en dêrfandinne dat it dún oan syn namme komd is. Yn 1836 kaam op it plak in stiennen toer te stean, dy't yn 1907 ferfongen waard troch de tsjintwurdige fjoertoer dy't earder yn IJmuiden stie. Yn 1929 is njonken de fjoertoer in útsjochpost op peallen boud. Yn 1986 is de koepel hielendal fernijd. Yn de útsjochpost wurde yn de iepeningstiden sûvenirs ferkocht.
It ljocht fan de fjoertoer baarnt twa sekonden en is dêrnei twa sekonden út. De lampen en it glês steane stil, der draait in soarte gerdyn dat it ljocht elke twa sekonden ôfskermet. Yn de fjoertoer is noch wol faak in fjoertoerwachter, mar de fjoertoer wurket hielendal automatysk. Yn july 2006 wie de fjoertoer noch publyk tagonklik.