Flagge fan Ie
De flagge fan Ie is de flagge fan it doarp Ie, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Blau, mei in wite wearjende flechtskeanbaan fan in tredde flaggehichte, yn de broektop in omkearde ôfskuorde wite ienhoarnskop fan it wapen.
De kleuren komme út it wapen fan Ie.
Symbolyk
bewurkje seksje- Skeane baan: de wearjende baan ferwiist nei it rivierke de Suderie, wêr it doarp syn namme oan te tanken hat. De richting fan dizze baan is oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Ienhoarn: oernommen út it wapen fan de famylje Aebinga van Humalda, dy tichtby it doarp Humaldastate bewenne.