Flagge fan Westergeast
De flagge fan Westergeast is de flagge fan it doarp Westergeast, yn de Fryske gmeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1976 registrearre.
De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerp perioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkeurt of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Folgens de diagonale kwartilearre fan swart-grien, mei op de diagonalen in giel krús mei de dikte fan 1/4 de flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Westergeast.