MC Flying Boetoe is in motorklup fan De Jouwer. De klup waard yn 1973 oprjochte troch Harry de Wolff, Jan Agema en Jetze Valkema. De feriening hie yn 2018 sa'n 275 leden en hat in eigen motorsportlokaasje en ferieningsgebou oan de Polderboskdyk 37 oan de súdkant fan de Jouwer.

Logo fan Flying Boetoe

Begjinjierren bewurkje seksje

Begjin santiger jierren waard der troch Jousters brommeriden op in stik grûn oan de Tramdyk tusken De Jouwer en Snits. Nei de oprjochting fan de motorklup waard op ferskate plakken racet. Alle jierren waard in gersbaanrace organisearre op de Jouster Nutsbaan. Earst op it binnenterrein, mar letter op de bûtenbaan. De dei nei de gersbaanrace waard de baan troch frijwilligers wer yn oarder makke en opnij ynsiedde sadat de hynders op de Jouster Swipedei wer in goede baan hiene.

In eigen baan bewurkje seksje

Uteinlik krige de feriening yn 1988 de hjoeddeiske (2019) baan fan 4 hektare, net fier fan de snelwei nei It Hearrenfean. De baan waard earst brûkt as gersbaan mar letter ek om te crossen.[1] De aairûne sânbaan fan 420 meter is makke foar de baansport. De klup organisearre ek Supermotoraces Fryslân op it yndustryterrein de Wâldfinnen. Op it terrein is neist in gersbaan ek in oardel kilometer lange crossbaan oanlein.[2]

Eveneminten bewurkje seksje

De feriening organisearre nasjonale en regionale motorkrosseveneminten en gers- en sânbaanwedstriden. Sa wie De Jouwer yn 1995 gasthear fan it Europeesk kampioenskip foar specialracers. Kelvin Tatum wûn en yn maaie 2004 waard de earste race fan it fiif jier letter alwer út de tiid rekke EK shorttrack (gersbaanracen op crossmotors) wûn troch Jouster Wybe Valkema. En kluplublid Tjalle Reitsma helle ek grutte suksessen. Der waard fan alles organisearre. Yn de mande mei popgroep Normaal waard in racedei en konsert hâlden, in iisrace op Thialf, yndoarcrossen, supermoto en feestjûnen. By gelegenheid fan it 40-jierrich bestean ferskynde yn 2013 it boek 'Boetoemania'.[3]

Boetoe fan it jier bewurkje seksje

De broer fan bestjoerslid Agema naam as marineman in pear kettinkjes mei in embleem foar de stifters mei út Maleisië. It leaden fruchtberheidssymboal fan Maleisyske manlju hie de foarm fan in fallus mei wjukjes der oan en waard yn Turkije in 'Flying Boetoe' neamd. Under dy namme waard de klup op 20 maaie 1974 ynskreaun by it motorbûn KNMV. It trijetal inisjatyfneamers fregen ek fuort goedkarring oan keninginne Juliana. It ynliste brief mei de keninklike tastimming waard ophongen yn it kluphûs 'Boetoedrôme'. Sûnt 2001 wurdt jierliks de 'Boetoe fan it jier' útroppen, de winner krijt in trofee yn de foarm fan in 'boetoe'.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: