Fokke Jacobs de Zee

Fokke Jacobs de Zee (Aldeboarn, 25 april 1874 - Haren, 25 augustus 1950) wie in Frysk skriuwer.

Fokke J. de Zee - boargemaster fan Feandam (1939)

De Zee wie gemeentesekretaris fan Raerderhim en boargemaster fan Feandam. Hy wurke yn it Selskip 1844. Hy stie yn in brief (1900) by de gemeenterieden oan op it brûken fan it Frysk as fergadertaal.

De Zee hat skreaun oer pleatslike skiednis; makke gedichten yn de folkstrant dy't faak in aktuele ynslach hienen. Brûkte ûnder oaren de skûlnamme Burdo.

DichtbondelsBewurkje

  • Dounsjende michjes (1919)
  • Langstme (1924)
  • Sintjanstried (1950)

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Zee, Fokke Jans.