Fokker B.II


Rol Ferkenningsfleanmasine
Makker Fokker
Earste flecht 15 desimber 1923
Tal makke 1

De Fokker B-II wie in twadeks ferkenningsfleantúch dat troch Fokker ûntwurpen en boud waard.

Yn 1923 betocht Fokker in lichte seeferkenner yn de foarm fan in fleanboat. Ien fan de easken wie dat it tastel gaadlik wêze moast foar in katapultstart fan in skip ôf. De romp wie folslein fan metaal en der wiene iepen cockpits foar trije man: in piloat, in waarnimmer en in loftskutter. De piloat en waarnimmer sieten foar de fleugel en de skutter efter de fleugel mei in beweechber masinegewear.

Op 15 desimber 1923 wie de earste flecht fan Schellingwoude by Amsterdam wei. Dêrnei waard de B-II wiidweidich teste troch de Marine Loftfearttsjinst. It tastel fierde dêrby gjin registraasjenûmer. It foldie lykwols net oan de easken fan de MLD. It tastel waard net oanskaft en der wie ek gjin oare keaper foar. Letter waard it tastel sloopt.

Spesifikaasjes bewurkje seksje

  • Bemanning: 3
  • Langte: 9.85 m (32 ft 4 in)
  • Spanwiidte: 14,8 m (48 ft 6 in)
  • Draachflak fleugels: 40,0 m2 (430 ft2)
  • Oandriuwing: 1 × Rolls-Royce Eagle, 270 kW (360 hk)
  • Fleantiid: 4 oeren