Fokker F.XVIII


Rol Passazjiersfleantúch
Makker Fokker
Earste flecht 30 juny 1932
Yn tsjinst 1932
Ut tsjinst
Tal makke 5 (1932-1932)
Grutste brûker KLM

De Fokker F.XVIII wie in Nederlânsk passazjiersfleantúch út de jierren 30, makke troch Fokker, ornearre foar lange ôfstannen.

Fokker F.XVIII "Pelikaan" PH-AIP op Skiphol

De F.XVIII wie in heechdekker mei trije stjermotors. De masine koe maksimaal 16 passazjiers ferfiere. It ûntwerp fan de F.XVIII wie in trochûntjouwing fan de F.XII. De grutste oanpassings wiene de ferbettere fleugels en it fersetten fan de bestjoeringskabels en de dynamo's nei de binnenkant fan de romp. De romp waard teffens smeller en langer makke, wêrby't de boppekant in rûning krige. Al dy oanpassings soargen foar in legere luchtwjerstân en sadwaande in hegere faasje. Dat wie wichtich meidat keapers, mei de KLM foarop, om in flugger en sterker fleantúch foar ynterkontinintale rûtes fregen, lykas dy nei Nederlânsk-Ynje.

Fokker F.XVIII by de KLM bewurkje seksje

De KLM bestelde totaal fiif F.XVIII's foar 70.000 gûne it stik. De tastellen koene op twa menearen ynrjochte wurde. Foar de Jeropeeske rûtes hie er 16 passazjiersstuollen en op ynterkontinintale rûtes wiene dat seis. Twa fan de F.XVIII-tastellen skreaune loftfeartskiednis, de Pelikaan en de Snip.

De Pelikaan bewurkje seksje

De PH-AIP Pelikaan sette op 18 desimber 1933 ôf foar in krystflecht (mei post) nei Batavia. Dy flecht soe útfierd wurde mei de flugge moderne Fokker F.XX Zilvermeeuw, mar by it waarmdraaien joech de motor yn de noas belies. Yn alle gauwens waard de Pelikaan doe reemakke. It slagge de bemanning ûnder gesachfierder Iwan Smirnoff en meitsje de flecht yn in rekordtiid. Op 22 desimber 1933 kaam it fleantúch yn Batavia oan; fjouwer dagen letter wie de retoerflecht. Nettsjinsteande min waar waard de weromreis noch in bytsje flugger ôflein, en de jûns fan 30 desimber 1933 lâne de Pelikaan op in kâld en mistich Skiphol. Dêr wiene mear as 20.000 minsken by elkoar kaam om de bemanning hulde te bringen.

De Snip bewurkje seksje

 
De foarein fan de Snip, yn it Kurasau Museum
 
F.XVIII "Oehoe"

Yn 1934 makkee de KLM mei de PH-AIS Snip de earste trans-Atlantyske flecht. Om reden fan de grutte ôfstân waard it tastel oanpast. Der waarden ekstra brânje- en oaljetanks oanbrocht en it tastel krige krêftiger motors fan it type Pratt and Whitney Wasp TD-1 mei 550 hk it stik. De reis waard sekuer tared en stipe. De Keninklike Marine stasjonearre healweis de rûte de ûnderseeboat Hr. Ms. K XVIII, en de KNSM sette ferskate skippen yn om te assistearjen by de navigaasje. Op 15 desimber 1934 om middennacht sette it tastel ôf, mei as bemanning gesachfierder Jan Hondong, ko-piloat Jan van Balkom, telegrafist Simon van der Molen en wurktúchkundige Leo Stolk. Ut Amsterdam wei fleagen se oer Marseille, Alikante en Kasablanka nei Praia op de Kaapverdyske Eilannen. Dêr waard trije dagen skoft holden en waard de Snip reemakke foar it oerstekken fan de Atlantyske Oseaan. Op 19 desimber 1934 gie it oan en 17 oeren letter waard Paramaribo berikt. Op 22 desimber lâne it tastel op Kurasau. De ôfstân fan totaal 12.200 kilometer waard ôflein yn 54 oere en 27 minuten.

Op Kurasau waard de Snip de earste fleanmasine fan it West-Indisch Bedrijf fan de KLM. De registraasje waard feroare yn PJ-AIS. In oare Fokker F.XVIII, de PH-AIO Oehoe, krige dêr de registraasje PJ-AIO. Nei in ûngemak moast it tastel by Fokker yn Amsterdam makke wurde. Werom op Kurasau krige it tastel de namme Oriol ('Gielegou') omdat de Antillianen in ûle as ûngeloksfûgel beskôgen.

Beide tastellen waarden oant 1946 brûkt en dêrnei sloopt. Sûnt 1992 wurde de cockpit en de middenmotor fan de Snip tentoansteld yn it Kurasau Museum yn Willemstêd.

Spesifikaasjes bewurkje seksje

  • Lingte: 18,5 m
  • Spanwiidte: 24,5 m
  • Hichte: 4,7 m
  • Tal passazjiersstuollen: 6-16 (ynterkontinentaal/Jeropa)
  • Gewicht leech: 3050 kg
  • Maks. startgewicht: 7550 kg
  • Motors: 3 x Pratt & Whitney Wasp TD1 (stjermotors) fan 550 hk it sik
  • Krúsfaasje: 203 km/o
  • Maks. fleanberik: 1500 km
  • Tsjinstplafond: sa'n 4.800 m

Brûkers bewurkje seksje

  • KLM (5 tastellen, PH-AIO, 'AIP, AIQ, AIR, en 'AIS)
  • ČSA (2 tastellen, eks-KLM, OK-AIQ en 'AIR)
  • Commercial Aviation Corporation, Palestine (1 tastel eks-ČSA, VQ-PAF)
  • Deutsche Lufthansa (1 eks-ČSA, D-AAIR)
  • Spaanske Republkeinske Loftmacht (1 eks-KLM, F-APIP)
  • KLM West-Indisch Bedrijf (2 tastellen eks-KLM, PJ-AIO en 'AIS)
  • Netherlands West Indies Defence Force (1, hierd fan de KLM, PJ-AIO)