Echte foksen

(Trochwiisd fan Foks)

De echte foksen (Latynske namme: Vulpini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae). Dizze taksonomyske groep omfettet de skaaien fan 'e foksen (Vulpes) en de grize foksen (Urocyon).

Echte foksen
In foks (Vulpes vulpes) yn 'e snie.
In foks (Vulpes vulpes) yn 'e snie.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
famylje: hûneftigen (Canidae)
ûnderfamylje: echte hûneftigen (Caninae)
tûke: echte foksen (Vulpini)
Hemprich & Ehrenberg, 1832

Binnen de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen, dy't opboud is út twa tûken, ûnderskiede de echte foksen har fan 'e echte hûnen (Canini), troch in beheinder ferskaat oan lichemsgrutte, in spitsere snút en gruttere earen yn ferhâlding ta de lichemsgrutte. Echte foksen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Oseaanje en Antarktika. It bekendste lid fan dizze tûke, de foks of reade foks, komt ek yn Fryslân yn it wyld foar.

De poalfoks (Vulpes lagopus).

Tûke-opbouBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en General references, op dizze side.