Folkert van der Wei

Folkert van der Wei (Wytmarsum, 22 july 1980) is in Frysk keatser. Hy wennet yn Wytmarsum.

Folkert van der Wei
keatser
Folkert van der Wei
Folkert van der Wei
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 22 july 1980
berteplak Wytmarsum
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
earste titel Fan Aismadei 2001
PC 1999, 2000, 2001, 2002, 2003, 2003, 2005, 2006, 2007, 2008, 2009, 2010, 2011, 2015
wichtige prestaasjes
winner PC 2003 en 2009
Folkert van der Wei op de PC fan 2009

Folkert keatst al lange tiid yn 'e haadklasse. Hichtepunt yn syn karriere is it winnen fan 'e PC yn 2003, tegearre mei Johannes Dijkstra en Karel Nijman en yn 2009, tegearre mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger. Op 'e PC fan 2006 helle hy in tredde priis mei Johan Abma en Bauke van der Graaf. Op de PC fan 2008 ferlear er yn in tige spannende finale nipt mei Gert-Anne van der Bos en Tjitte Bonnema.

Wat keatsen oanbelanget wiene fierders it winnen fan in fôle op de Fan Aismadei yn 2005 en it winnen fan dy dei yn 2001 hichtepunten dêr't er grutsk op is.

Yn 2009 hat Folkert njonken de PC de klassikers (Rengersdei en de Aldehoupartij) in Ljouwert wûn en is er twadde wurden yn ut jierklassement mei 60 punten. Likefolle as de klassemintswinnaar en Daniël Iseger.

It suksesfolle partoer fan Folkert mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger falt nei de earste cyclus ien 2010 ut elkoar. Folkert keatst it jier út mei Rutmer van der Meer en Renze Pieter Hiemstra. De PC falt dat jier letterlyk yn ut wetter en se sneuvelje yn de twadde omloop. Letter yn ut seizoen winne se wol alle trije yn Frysk Hynder op de Fan Aismadagen yn Bitgum.

Neist it keatsen fuotballet Folkert op it fjild en yn de seal. Op it fjild by treddeklasser fuotbalferiening Mulier en yn de seal by haadklasser Exstador. Hy hat al ferskate kampioenskippen behelle en ek hat er it Midwintercup-toernoai op syn namme stean.

Folkert wennet yn Wytmarsum mei syn frou Tessa van der Wei-Huizenga en harren soan Sem (* 31 maart 2010).

Djiptepunt yn syn karriêre is dat yn 2003 sûkersykte by him konstatearre is. Hy wie lykwols al gau wer warber, en is hieltyd noch by steat in soad te sporten.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Folkert van der Wei fan Wikimedia Commons.